Ferklaring Omtrent Gedrach - VOG

In Ferklearring Oangeande it Gedrach (FOG) is in bewiis fan goed gedrach. Wurkjouwers of organisaasjes kinne om in FOG freegje. Bygelyks as jo yn de berne-opfang of it ûnderwiis wurkje geane. Of as jo in fisum oanfreegje of lid wurde wolle fan in sjitferiening. 

Daliks regelje

Ferklearring Oangeande it Gedrach

Let op: de gemeente wurket allinnich op ôfspraak.

Justysje

Jo oanfraach

Justis behannelet alle oanfragen foar in VOG. Hawwe jo gjin strafbere feiten begien? Dan krije jo de VOG. Untdekt Justis wol strafbere feiten? Dan besjogge sy wêrom't jo de VOG oanfreegje en oft de strafbere feiten dêr wol of net by passe.

Oanfreegje by de gemeente

Jo kinne it Oanfraachformulier VOG downloade by Justis. Meastentiids krije jo it formulier fan de ynstânsje dy't om de VOG freget. 

  • Folje it formulier hielendal yn.
  • Undertekenje it formulier.
  • Lit ûnderdiel 2 ynfolje en ûndertekenje troch de ynstânsje dy't om de VOG freget. Is dit net mooglik dan folje jo de gegevens sels yn. Jo moatte wol sjen litte wêrom't jo de gegevens sels ynfolle hawwe. Mear ynformaasje stiet op it oanfraachformulier.
  • Lever it formulier persoanlik yn by de gemeente.
  • Meitsje in ôfspraak by de gemeente om it formulier yn te leverjen.
  • Nim ek mei:
    • Alle dokuminten dy't jo neffens it formulier ynleverje moatte
    • In jildich identiteitsbewiis
    • In pinpas of kontant jild
  • De gemeente leveret jo oanfraach yn by Justis.
  • Justis stjoert jo binnen 4 wiken in brief. Yn dizze brief stiet oft jo de VOG wol of net krije.

Online oanfreegje

In organisaasje dy't jo om in VOG freget, kin dit ek online dwaan. Jo hoege dan net by de gemeente del te kommen. De online oanfraach is goedkeaper as de oanfraach fia de gemeente. De organisaasje makket de oanfraach klear. Dêrnei dogge jo it folgjende:

  • Jo krije in e-mail mei in link nei in webapplikaasje.
  • Log yn mei jo DigiD ynlogkoade.
  • Folje jo gegevens yn.
  • Betelje fia iDEAL.
  • Justis stjoert jo binnen 4 wiken in brief. Yn dizze brief stiet oft jo de VOG wol of net krije.

Kosten

In VOG kostet € 41,35 as jo de oanfraach fia de gemeente dogge. In online oanfraach kostet € 33,85. Frijwilligers dy't mei bern of minsken mei in ferstanlike beheining wurkje, kinne in fergese VOG krije. De oanfraach moat dan wol digitaal dien wurde by Justis.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de VOG fine jo op www.justis.nl.

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân