Ferlof bûten de skoalfakânsjes

Yn prinsipe mei jo bern net bûten skoalfakânsjes mei ferlof. Docht jo dit wol, dan oertrêdzje jo de Learplichtwet en binne jo strafber. Mar, der binne útsûnderingen.

Yn prinsipe meie jo jo bern net meinimme op fakânsje bûten de skoalfakânsjes. Dogge jo dit wol, dan oertrêdzje jo de Learplichtwet en binne jo strafber. Kinne jo troch jo wurk yn gjin ien fan de skoalfakânsjes yn in skoaljier op fakânsje? Liedt op fakânsje gean tidens in skoalfakânsje ta ûnoerkombere bedriuwsekonomyske risiko's? Dan kinne jo ien kear yn it skoaljier in fersyk yntsjinje foar ferlof bûten de skoalfakânsjes. 

Berop op frijstelling

Soms kinne jo troch jo wurk tidens gjin inkele skoalfakânsje yn it skoaljier mei jo gesin op fakânsje. As jo seizoensbûn wurk dogge wêrtroch't it foar it gesin feitlik ûnmooglik is om yn dy perioade in fakânsje te nimmen. Seizoensbûn wurk is wurk mei wurksumheden yn bedriuwstakken dy't in pykdrukte kenne. As it oantoanber ûnmooglik is om yn de skoalfakânsjes fakânsje te nimmen kinne jo in fersyk yntsjinje foar ferlof. Dit fersyk foar ferlof bûten de skoalfakânsjes neame wy: berop op frijstelling. 

Tastimming oanfreegje

Jo freegje skriftlik tastimming oan by de direkteur fan de skoalle. Dit moatte jo uterlik 8 wiken foardat jo op fakânsje geane dwaan. De direkteur kin jo om in ferklearring freegje dêr't út bliken docht dat jo tidens alle reguliere skoalfakânsjes net as gesin yn in oaniensletten perioade fan 14 dagen op fakânsje kinne gean. It moat reedlikerwize te foarsjen wêze en/of oantoand wurde dat in fakânsje yn de skoalfakânsjes ta ûnoerkombere bedriuwsekonomyske risiko's liede sil. Allinnich it gegeven dat yn de skoalfakânsjes in wichtich part fan de omset behelle wurdt is net genôch. De skoaldirekteur beslist oft jo bern ekstra frij kriget fan skoalle. De ferlofperioade mei maksimaal 10 skoaldagen yn it jier beslaan en moat foldwaan oan de betingsten fan de Learplichtwet. 

Betingsten

Jo bern kin allinnich frij krije as: 

  • jo oantoane kinne dat jo troch jo wurk net tidens de skoalfakânsjes op fakânsje kinne; 
  • it ferlof net yn de earste 2 wiken nei de simmerfakânsje falt; 
  • it giet om in gesinsfakânsje, dy't net langer duorret as 10 skoaldagen; 
  • it wol op fakânsje gean yn in skoalfakânsje liedt ta ûnoerkombere bedriuwsekonomyske risiko’s. 

Dizze oanfraach kin mar ien kear yn it skoaljier dien wurde. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân