Ferwizing bedriuweterrein
Op de gemeentlike bedriuweterreinen wurdt wurke mei in sintraal systeem fan strjitnammen en bedriuwsferwizing. Foar alle bedriuwen op it bedriuweterrein is it mooglik om de bedriuwsnamme op de ferwizingsbuorden pleatse te litten.
Daliks regelje

Betingsten
- By nijbou fan in bedriuw, yn kombinaasje mei de oankeap fan grûn, wurdt op fersyk de bedriuwsnamme tafoege oan it ferwizingssysteem. De kosten hjirfoar falle binnen de priis fan de grûnoankeap.
- Besteande bedriuwen kinne likegoed in ferwizing oanbringe of wizigje litte. De kosten binne yn dit gefal foar rekken fan de oanfreger.
- Yn alle gefallen soarget de gemeente foar it leverjen, pleatsen, ûnderhâlden en ferwiderjen fan de bebuording.
- De gemeente stribbet nei iendúdichheid yn de ‘lay-out’ fan de nammejouwing en kin de oanfraach hjirfan oanpasse.
- De buorden bliuwe eigendom fan de gemeente. De gemeente kin dan ek altyd de bebuording ferwiderje of ferpleatse.
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen? Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
