Fersyk wizigjen nammegebrûk
Nammegebrûk is it rjocht dat immen hat om de efternamme (geslachtsnamme) fan de (eks-) houlikspartner of registrearre partner te brûken. Jo kinne jo nammegebrûk troch de gemeente fêstlizze litte yn de Basisregistraasje persoanen (BRP). It giet hjirby om deistich gebrûk fan de efternamme fan de partner. Op offisjele dokuminten, lykas jo paspoart, identiteitskaart of rydbewiis, bliuwt jo eigen efternamme stean.
Daliks regelje

Betingsten
By nammegebrûk kinne jo kieze tusken de folgjende foarmen:
- allinnich de eigen geslachtsnamme;
- allinnich de geslachtsnamme fan de partner;
- geslachtsnamme fan de partner, folge troch de eigen geslachtsnamme;
- de eigen geslachtsnamme, folge troch de geslachtsnamme fan de partner.
Jo kinne it nammegebrûk nei it houlik, partnerskip of beëiniging dêrfan op elk winske momint feroarje.
Oanfraach
Daliks regelje
Binne jo ynwenner fan Opsterlân en wolle jo jo nammegebrûk feroarje? Folje dan it formulier "Fersyk wizigje nammegebrûk" yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje'). De gemeente leit jo nammegebrûk yn de Basisregistraasje persoanen (BRP) fêst. De BRP jout dit troch oan oare oerheidsynstellingen, lykas de Belestingtsjinst, pensjoenfûnsen, it wetterskip en de Rykstsjinst foar it Wegferkear (RDW).
