Flagge, wapen

De gemeente Opsterlân hat njonken de gemeentlike hûsstyl in eigen flagge en wapen. Mei elk in betsjutting dy't op in beskate wize foarme is fanút Opsterlânske belangen.

Flagge

De gemeenteried hat op 10 april 1963 besletten in gemeenteflagge yn te stellen. De direkte oanlieding hjirfoar wie it besyk fan in Israelyske sportdelegaasje út Ra’anana. De flagge is ûntwurpen troch de Fryske Rie Foar Heraldyk. It ûntwerp fan de flagge slút nau oan by it gemeentewapen. Sa symbolisearret it reade flak de hazze út it gemeentewapen. It griene flak stiet foar de fiif beammen dy't yn it gemeentewapen steane. De beide wite flakken symbolisearje de sulveren skyldkleur. Der is keazen foar in blokfoarmich flak om it ferbân mei de Sânwâlden sjen te litten, dêr't Opsterlân by heart. De flagge fan de Sânwâlden bestiet nammentlik út fyftjin blokken fan wyt en grien, ferdield oer trije horizontale banen. Njonken de gemeenteflagge hat hast elk doarp in doarpsflagge. De feriening fan Pleatslik Belang fan elk doarp kin jo hjir mear oer fertelle.

De flagge fan Opsterlân.

Wapen

It Opsterlânske gemeentewapen is net yn ien kear ûntstien. Pas yn 1818 is it wapen sa't wy dat no kenne fêststeld. Dêrfoar sieten der grutte ferskillen yn it wapen. Sa is der in kaart fan 1622 dêr't in segel op stiet mei foar it earst fiif beammen derop. Alle oare symboalen út it wapen waarden mei de tiid ôfwikseljend wol of net brûkt. Yn de earste wapens wie bygelyks allinnich in hazze sichtber. Pas yn 1739 kaam de hûn foar dy't wy no yn it wapen kenne. Ek is yn de rin fan de jierren de posysje fan de hazze feroare: de iene kear rûn de hazze nei lofts, de folgjende kear nei rjochts. Nei 1818 is it wapen net mear feroare. It gemeentewapen komt, yn modernisearre foarm, werom yn de gemeentlike hûsstyl.

De offisjele omskriuwing fan it wapen is: ‘synde fan sulver, beladen mei fiif populierbeammen, steande op in griene grûn, dêr't in hazze fan kiel (read) oerhinne rint, efterfolge troch in hûn fan deselde kleur, wêrfan it foarste diel allinnich sichtber is. It skyld dekt mei in gouden Kroan’. De offisjele kleuren fan it wapen binne:

  • Kiel = read
  • Sinopel = grien
  • Purper = purper
  • Goud = giel
  • Sulver = wyt
  • Swart = swart
It wapen fan Opsterlân.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân