Fûgelgryp

Sjogge jo in sike of in deade fûgel yn in natuergebiet? Rekke de fûgel dan net oan en lit him lizze. De behearders fan it gebiet passe ekstra goed op fanwege de fûgelgryp.

As jo witte wa't de behearder fan it natuergebiet is, dan kinne jo it dêr melde.

Lit (wetter)fûgels mei rêst

Alle natuergebieten yn Fryslân binne iepen. Mar yn gebieten mei in protte wetterfûgels is it wichtich om de bisten mei rêst te litten. Is der fûgelgryp yn it gebiet? Dan is it better om der efkes net hinne te gean. Sa helpe jo mei om fersprieding fan it firus foar te kommen.

  • Bliuw op de paden
  • Jou gjin foer oan fûgels
  • Lit fûgels mei rêst. Benammen groepen wetterfûgels kinne it firus ferspriede as se opfleane. 

Dit jildt ek as jo kuierje of fytse op de Waadeilannen.  

Deade fûgel yn jo tún of op jo balkon?

Fine jo in deade wylde fûgel yn jo tún of op jo balkon?
Rekke de fûgel net oan en nim kontakt mei ús op fia Kontakt | Gemeente Opsterlân

Let op: foar boeren, túnkers en terreinbehearders jildt in oare oanpak. Sy binne sels ferantwurdlik foar it feilich opromjen fan deade fûgels mei beskermingsmiddels.

Foar mear ynformaasje kinne jo ek sjen op:

Fûgelgryp yn Fryslân | Feilichheidsregio

Fûgelgryp | Rijksoverheid.nl

Mear ynformaasje 

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân