Foar bern fan 5 oant 18 jier

5 oant 16 jier: Learplicht

Nei de fyfde jierdei fan jo soan of dochter is jo bern learplichtich. Dat betsjut dat hy of sy nei skoalle móat op de earste skoaldei yn de moanne nei de jierdei. As jo bern bygelyks op 10 oktober 5 jier is wurden, moat hy of sy op de earste skoaldei yn novimber nei skoalle. Dizze learplicht einiget oan de ein fan it skoaljier wêryn't jo bern 16 jier wurdt.

16 oant 18 jier: Kwalifikaasjeplicht

Foar in goede posysje op de arbeidsmerk hat jo bern in startkwalifikaasje nedich. Dat is in diploma op minimaal mbo 2 of havo/vwo-nivo. De ferplichting om in startkwalifikaasje te heljen, jildt foar alle jongeren oant harren 18e jier. It vmbo-diploma jildt net as in startkwalifikaasje. Dit betsjut dat jo soan of dochter nei it heljen fan it vmbo-diploma, ferplicht is fierder te learen op it mbo of op de havo om in startkwalifikaasje te heljen.

De gefolgen as jo bern fan 5 oant 18 jier (langduorjend) fersaakt

It wichtichste is dat jo bern sa gau mooglik wer nei skoalle giet of nei oar passend ûnderwiis. Skoalle is wichtich, want mei in diploma makket jo bern letter mear kâns op in moaie baan en in eigen ynkommen. Skoalle en Learplicht wolle dêrom mei jo en eventueel jo bern gau stappen sette om fierder (langduorjend) skoalfersom fan jo bern foar te kommen.

1. Jo skoalle nimt kontakt op

As jo bern sûnder berjocht ôfwêzich is, sil de skoalle allerearst kontakt opnimme mei jo en eventueel jo bern (fan 12 jier ôf) om te ynformearjen wat der oan de hân is. Yn gefal fan nedich kin skoalle ekstra soarch om jo bern hinne organisearje. Skoalle is ferplichte fersom troch te jaan oan de learplichtamtner.

2. In ûndersyk wurdt start

De learplichtamtner begjint in ûndersyk nei de ôfwêzigens fan jo bern en giet ek yn petear mei jo en mei jo bern as it 12 jier of âlder is. Tegearre besprekke jo wat nedich is om jo bern wer gau nei skoalle gean te litten.

3. Swierdere maatregels

As it fersom oanbliuwt, kin de learplichtamtner lichtere of swierdere maatregels nimme. Dit is ôfhinklik fan de situaasje.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân