It doel fan ierresignalearring is om derfoar te soargjen dat minsken gjin skulden krije. De gemeente wurket hjirfoar gear mei ferhierders, soarchfersekerders, enerzjyleveransiers en wetterbedriuwen. Sûnt 1 jannewaris 2021 stiet dit yn de Wet Gemeentlike Skuldhelpferliening (WGS).

Hawwe jo in betellingsachterstân, bygelyks mei jo soarchpremy? Dan moat de soarchfersekerder earst sels kontakt mei jo opnimme om in betellingsregeling ôf te sprekken. Blauwt de efterstân bestean of wurdt dizze grutter? Dan krije wy in melding.

Samen sykje nei in oplossing

Nei't wy in melding krigen hawwe, nimme wy kontakt mei jo op. Wy stjoere jo in brief, belje jo of komme by jo del. Wy freegje oft wy jo helpe kinne. Geane jo akkoart? Dan litte wy dat witte oan de organisaasje dêr't jo de betellingsachterstân hawwe. Sy stopje dan de ynkasso foar 28 dagen. Yn dy tiid sjogge wy tegearre hoe't wy de betellingsachterstân oplosse kinne.

Jildsoargen? Freegje help

Jildsoargen of in betellingsachterstân kinne in soad druk, skamte en stress jaan. Help freegje by jildsoargen is faak dreech. Yntusken wurdt de skuld en ek de stress grutter. Faak ûntsteane der dan ek problemen op oare gebieten. Mar wit dat jo net de iennige binne. Ien op de trije Nederlanners hat jildsoargen. De skuldhelpferlieners fan de gemeente kinne jo fergees helpe. Tegearre mei jo sjogge wy hoe't wy jo jildsoargen oplosse kinne.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje of help kinne jo kontakt opnimme mei in skuldhelpferliener. Wy binne eltse wurkdei telefoanysk berikber fan 9.00 oant 17.00 oere. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei: schuldhulpverlening@opsterland.nl. Binnen twa wurkdagen nimme wy kontakt mei jo op.

Kontakt

Wy binne elke wurkdei telefonysk berikber (0512-386 222) fan 9.00 oant 17.00 oere. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei: skuldhulpferliening@opsterland.nl of in berjocht ynstjoere fia it ûndersteande kontaktformulier. Binnen twa wurkdagen nimme wy kontakt mei jo op.

KONTAKTFORMULIER YNFOLJE

Hawwe jo fûn wat jo sochten?