Fjoerwurk en fjoeren

De jierwiksel is in feest fan en foar elkenien. Hjirûnder lêze jo mear oer hoe't wy tegearre foar in feilige jierwiksel soargje.

Fjoerwurk

Fan 31 desimber 18.00 oere oant 1 jannewaris 02.00 oere mei jo fjoerwurk ôfstekke. Hâld der rekken mei dat foar bepaalde soarten fjoerwurk sûnt 2020 in ferbod jildt. Mear ynformaasje fine jo op de site fan de Rijksoverheid

Jo meie gjin fjoerwurk keapje en thús besoargje litte. Jo meie fjoerwurk allinnich keapje en/of ophelje by in legaal ferkeappunt.

Fjoeren

Faak wurde der mei de jierwiksel fjoeren op strjitte stookt, soms sels midden yn wenwiken. Wisten jo dat dizze fjoeren ferbean binne op grûn fan de Algemiene Pleatslike Feroardering. Foar (freugde)fjoeren moatte jo in ûntheffing by de gemeente oanfreegje.

(Freugde)fjoeren binne gefaarlik en bringe risiko's mei omdat der faak fan alles yn smiten wurdt, lykas autobannen, glês en oaljeresten. Ek jout it oerlêst foar de omjouwing en lit it skea efter oan it weidek. En dit wolle wy as gemeente foarkomme.

Help mei

Bring dêrom grof húshâldlik ôffal en oare (brânbere) materialen dy't jo net mear brûke op 'e tiid nei it recyclingsintrum. De Gordyk Op dizze manier ferminderje wy tegearre de kâns dat brânbere objekten of materialen yn 'e brân stutsen wurde yn it nije jier. Hawwe jo opmurken dat der dochs brânen wiene? Ruim dan asjebleaft tegearre it brânôffal op, sadat de dyk wer skjin en tagonklik bliuwt foar ferkear.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân