Wat heart yn hokker bak?
It is goed om ôffal goed te skieden. Mar wat heart yn hokker bak thús? Lês hjirûnder wat jo yn de biobak smite en wat yn de sortibak.

Wat heart yn de sortibak? (grize restôffal kontener)
Restôffal is al it ôffal, dat net apart oanbean wurde kin en net yn ien fan de oare konteners heart, lykas gft, tekstyl, glês en papier. Ek keunststoffen (plestik), blik en drankekartons (molke- en sapsekken) hearre yn de sortibak. Omrin hellet de keunststoffen en oare grûnstoffen der fia neiskieding út foar de gemeente. Jo kinne de sortibak twawykliksk leechmeitsje litte. Lyts gemysk ôffal, asbest, papier, glês, tekstyl, ôfdankte elektryske en elektroanyske apparaten/AEEA biede jo apart oan en hearre net yn de sortibak thús. Hjirfoar kinne jo op de miljeustraat terjochte. Húshâldlik restôffal wat yn de sortibak heart, wurdt net akseptearre op de miljeustraat.
Wat heart yn de biobak? (griene gft-kontener)
- Organysk keukenôffal, lykas aaidopkes, kofje(pads), teepûdsjes, itenresten (sean, bakt of rau);
- Túnôffal;
- Kattegrit mei miljeukeurmerk (ek houtkorrels);
- Biologysk ôfbrekbere pûdsjes mei kiemplantlogo;
- Mest fan kjifdieren.
Jo kinne de biobak twawykliksk leechmeitsje litte, útsein yn de moannen novimber, desimber en jannewaris, dan wurdt de biobak ien kear leechmakke.
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
