Wetter
It Opsterlânske lânskip bestiet foar in part út streamkes, rivieren en kanalen. Dit biedt allerhanne mooglikheden foar wetterrekreaasje, lykas farre, kanofarre of suppe.
Turfroute
Ien fan de moaiste rûtes om te farren is de Turfroute, dy't troch dielen fan Opsterlân rint. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan It Oare Fryslân.

Polderhaadkanaal
Sûnt 2015 stiet de Turfroute wer yn ferbining mei it Nasjonaal Park de Âlde Feanen. De ferbining is wersteld troch middel fan it Polderhaadkanaal. Sjoch hjirûnder de details oer it kanaal.
Betsjinningstiden Polderhaadkanaal
- Deistich fan 09.00 oant 20.00 oere
- Iepeningsperioade: 15 maaie o/m 15 septimber
Trochfartdjipte, -hichte en fartsnelheid Polderhaadkanaal
- Trochfartdjipte: 1,10 m
- Trochfarthichte: 2,70 m
- Maksimale fartsnelheid: 6 km/oere
Op basis fan monitoring fan de natuerûntwikkeling wurde de trochfartdjipte, betsjinningstiden en iepeningsperioade de kommende jierren alle jierren op 'e nij bepaald.
Steuringen Polderhaadkanaal
By steuringen oan de brêge kinne jo de needknop yndrukke. De steuringsdienst kriget dan automatysk in berjocht en komt sjen wat der oan de hân is en it probleem oplosse.
