Elke Nederlanner moat sels syn eigen ynkommen fertsjinje. As dat net slagget en der binne gjin oare beskikbere foarsjennings, dan kin de gemeente jo stypje by jo syktocht nei wurk.

Wannear't jo in tydlike bystânsútkearing ûntfange, binne jo ferplichte om aktyf nei wurk te sykje. Hokker stipe jo krije, hinget ôf fan jo persoanlike situaasje. Tegearre mei jo klantmanager Wurk bepale jo wat jo nedich hawwe om sa gau mooglik oan it wurk te kinnen, lykas bygelyks:

  • In wurkûnderfiningplak of in proefpleatsing;
  • Wurkje mei in leanûnkostesubsydzje;
  • In skoallingstrajekt, ensfh.;
  • Of miskien wolle jo in eigen bedriuw begjinne fanút de bystân of parttime ûndernimme neist jo syktocht nei in betelle baan. 

Tegearre mei jo klantmanager Wurk sjogge jo nei de mooglikheden foar stipe rjochting betelle wurk of partisipaasje.  

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân