Wim Wierda
Jimme binne dwaande mei de tarieding fan in prachtige dei. Mei jimme stap om te trouwen of in registrearre partnerskip oan te gean, kieze jimme foar elkoar. In wichtich en feestlik momint. Ik genietsje derfan dat ik dêr op jimme dei in bydrage oan leverje mei.
Yn in persoanlik petear beprate wy jimme winsken foar de seremoanje. Wichtige foarfallen en wearden yn jimme libben komme dêrby oan bod. Ik gean dêr op in passende wize, mei humor of serieus, mei om. It is jimme dei. Wichtich is dat jimme genietsje en mei in goed gefoel oan dizze plechtichheid weromtinke. Dat kin yn it Nederlânsk, mar as jimme dat wolle doch ik it ek hiel graach yn it Frysk.
Myn namme is Wim Wierda. Ik bin in 'bûtenminske'. Yn myn frije tiid sit ik graach op ien fan myn fytsen of kinne jimme my tsjinkomme mei myn fototastel. Ik bin maatskiplik belutsen en doch frijwilligerswurk. Ik bin wurksum as touringcarsjauffeur.

