Winner moaiste (fer)bouprojekt bekend

De moderne skuorwenning yn Lúkswâld is troch ynwenners keazen ta it moaiste (fer)bouprojekt fan 2025. Op 25 septimber waard tidens in feestlike seremoanje de priis útrikt troch wethâlder Marcel van Opzeeland oan de grutske winners: Arsjitekteburo Kijlstra-Brouwer, de bewenners fan de wenning: Marjan Maat en Milo van der Kruis, en oannimmer Peter van der Hoek. 

Wethâlder Van Opzeeland: “De moderne skuorwenning is in prachtich projekt dy't Lúkswâld noch moaier makket. Lokwinske oan alle winners: jim wurk ynspirearret en lit sjen hoe wichtich in goed ûntwerp is foar de romtlike kwaliteit fan ús moaie gemeente.”

Mei dizze ferkiezing wol de gemeente sjen litte dat omtinken foar ûntwerp en libbensomjouwing elke bou of ferbouwing noch moaier makket. De gemeente wol mei dizze ferkiezing ynwenners én ûntwerpers ynspirearje om net allinnich praktysk, mar ek mei each foar skientme en ynpas yn de omjouwing te ûntwerpen. Troch goede foarbylden yn it sintsje te setten, hopet de gemeente dat takomstige bouplannen krekt sa soarchfâldich en kreatyf oanpakt wurde.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân