Winner Moaiste (fer)bouprojekt bekend!
De ferkiezing foar it Moaiste (Fer)bouprojekt fan Opsterlân hat in winner: de moderne skuorrewente yn Lúkswâld is troch ynwenners keazen ta it moaiste (fer)bouprojekt fan 2025. Oant en mei 24 augustus koene ynwenners harren stim útbringe op ien fan de fiif nominearre projekten. Dizze projekten wiene de ôfrûne wiken te bewûnderjen yn de ûntfangsthal fan it gemeentehûs yn Beetsterzwaach.

De ferkiezing hie as doel om sjen te litten hoe't goede ûntwerpen bydrage oan in moaie en noflike leefomjouwing. Oft it no giet om in wenhûs, in bedriuwspân of in lytser bouwurk, elk projekt dat de útstrieling fan Opsterlân fersterket, koe meidwaan nei de titel. De moderne skuorrewente yn Lúkswâld wist úteinlik de measte stimmen te garjen en mei him in jier lang it Moaiste (fer)bouprojekt fan Opsterlân neame.
Ynspiraasje foar de takomst
Yn Opsterlân wurdt geregeld boud en ferboud. Mei elk nij projekt wurde karren makke dy't ynfloed hawwe op de útstrieling fan it doarp en de kwaliteit fan de leefomjouwing. De gemeente wol mei dizze ferkiezing ynwenners én ûntwerpers ynspirearje om net allinnich praktysk, mar ek mei each foar skientme en ynpas yn de omjouwing te ûntwerpen. Troch goede foarbylden yn it sintsje te setten, hopet de gemeente dat takomstige bouplannen krekt sa soarchfâldich en kreatyf oanpakt wurde.
Wethâlder Marcel van Opzeeland: “Opsterlân stiet bekend om syn natuer, monumintale erfguod en prachtige lânskippen. Mei dizze ferkiezing wolle wy sjen litte dat ek ús gebouwen en (fer)bouprojekten in wichtige bydrage leverje kinne oan dy kwaliteit. In goed ûntwerp draacht by oan de útstrieling fan ús doarpen en makket minsken grutsk op harren omjouwing. It is ynspirearjend om te sjen hoe’t projekten mei oandacht en fisy ta stân komme. Wy hoopje dat dit foarbyld oaren motivearret om ek mei omtinken foar ûntwerp en leefberens oan ’e slach te gean.”
Priisútrikking
De priisútrikking sil yn septimber plakfine.