Wenningynbraak
Wenningynbraken hearre tegearre mei geweld, strjitrôven en oerfallen ta de saneamde ‘high impact crimes’. Dizze delikten meitsje in grutte ynbreuk op de privacy en it feilichheidsgefoel fan minsken en op slachtoffers fan dizze delikten.
Hoe ynbraakfeilich is jo hûs?
Hoe goed is jo hûs befeilige tsjin ynbraak? Kontrolearje it fluch en ienfâldich mei de fergese scan!
Doch de Ynbraakcheck

In wenningynbraak tast jo feilichheid oan. It gefoel net mear feilich te wêzen yn jo eigen hûs, tegearre mei it fuortheljen fan spullen, makket dat by de gemeente Opsterlân it tema wenningynbraken (op 'e nij) tige heech op de list stiet.
It doel fan de gemeente is dat it tal wenningynbraken ôfnimt troch maatregels te nimmen om wenningynbraken foar te kommen.
Foarkom ynbraak, nim maatregels
Jo kinne sels maatregels nimme om wenningynbraak besykje foar te kommen:
Pleats in kamera
Jo meie in kamera by jo wenning hingje om jo eigendommen te beskermjen as jo jo hâlde oan de regels dy't dêrfoar jilde. Dy steane yn de Wet Beskerming Persoansgegevens.
Stel de kamera's dêrom allinnich yn op jo eigen terrein en eigendommen. It is net tastien om se te rjochtsjen op de iepenbiere wei of op it terrein en eigendom fan in oar. Want dan meitsje jo ynbreuk op de privacy fan in oar.
Meld jo kamera oan by 'Kamera yn Byld'
De plysje makket gebrûk fan in databank 'Kamera yn Byld', dêr't registrearre partikuliere en oerheidskamera's op in kaart yn steane. Hjirtroch hawwe sy oersjoch wêr't hokker kamera's hingje en wêr't opnames op te freegjen binne. Sa nedich nimt de plysje kontakt op mei de eigner fan dy kamera's om flugger mear ynsidinten op te lossen. Jo melde jo kamera oan fia de webside fan de plysje.
Jo privacy wurdt oantaaste. Wat kinne jo dwaan?
Jo buorman mei dus gewoan syn eigen wenning filmje. Mar as er de kamera op jo wenning of tún rjochte hat, dan oertrêdet er de AVG (Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming). Wat kinne jo dan dwaan?
- Gean earst yn petear mei jo buorman.
- Levert dat net it winske resultaat op, freegje dan jo wykagint om te bemiddeljen.
- Komme jo der noch net út, meld it dan by de Autoriteit Persoansgegevens.
Yn it uterste gefal kinne jo nei de rjochter. Freegje hjirfoar advys by it juridysk loket fia www.juridischloket.nl
Autoriteit persoansgegevens
Net de gemeente of plysje, mar de ‘Autoriteit Persoansgegevens’ hâldt tafersjoch op de privacywetjouwing.
Sjoch foar mear ynformaasje op: www.autoriteitpersoonsgegevens.nl
