Yn petear mei…. Pleatslik Belang Beetsterzwaag/Olterterp
In nij ûnderdiel fan dizze nijsbrief is it ynterview mei in pleatslik belang. Om fan elkoar te witten en te learen en benammen dêrnei: dwaan! De start fan ‘Yn petear mei’ is mei Liesbeth de Boer fan Pleatslik Belang Beetsterzwaag/Olterterp.
In koarte yntroduksjeronde. Hoe sjocht it bestjoer derút?
Us bestjoer bestiet út fiif persoanen. Wy hawwe krekt de lêste ferzje fan ús nijsbrief ferspraat dy't wy hûs-oan-hûs besoargje litte yn Beetsterzwaag en Olterterp. Hjiryn stiet ek de gearstalling fan it bestjoer. Wy hawwe sa'n 400 leden. Wat spitich is, is dat der twa bestjoersleden út it bestjoer stappe. Wy sykje dus nije bestjoersleden.
Wêr hâldt it Pleatslik Belang him benammen mei dwaande?
Wy hawwe in goed en moai bestjoer dat entûsjast en mei in soad enerzjy de saken foar it doarp oppakt. Sa ferstjoere wy trije kear yn 't jier in nijsbrief en organisearje wy sûnt ferline jier in nijjiersgearkomste dêr't wy elkenien, ek de minsken dy't gjin lid binne, foar útnûgje. Dêrneist hawwe wy in enkête útfierd dy't as input tsjinnet foar ús doarpsfisy. Wat in wichtich punt is, en ik tink dat dat foar elk doarp jildt, is ‘wenjen’. Wy wolle graach dat minsken moai wenje yn ús doarpen, mar wichtich is ek dat der wenten binne.
Wat ek moai is om te neamen en dêr binne wy grutsk op: de belibbingsdei dy't wy tegearre mei ús ûndernimmers organisearren. Sa regele wy in kuier foar ús ynwenners troch it doarp mei in tal stoppunten by ûndernimmers. Minsken koene dêr in drankje nimme, mei elkoar yn petear reitsje en kennismakke mei de ûndernimmers. Dit wie in grut súkses!
Wêr't wy sûnt koart hiel aktyf mei dwaande binne is de ‘bloeisône’; in gebiet dêr't ynwenners tegearre soargje foar in omjouwing dêr't minsken langer yn goede sûnens wenjen bliuwe kinne. En dit giet goed. Wy hawwe hjirfoar ek kontakt socht mei Bakkefean. Yn it doarp is in wurkgroep start en op 25 maaie fynt der in gearkomste plak by de sporthal fan it revalidaasjesintrum foar alle ynwenners. Dit is in moaie gearwurking mei in tal ferienings yn it doarp.
Fierder stypje wy de buertferienings. Sa hawwe wy ferline jier in buert stipe mei in AED yn in wyk en ek helpe wy mei it brânwachtfestival.
Wêr rint it pleatslik belang tsjinoan/ binne der dingen dy't better kinne?
It is en bliuwt dreech om jongeren te ferbinen. Lêst rûn ik op in jûn troch it doarp en doe seach ik in groep jongeren stean; derop ôfstappe, miskien is dat wol in manier om mei jongeren yn petear te reitsjen. Ek is der altyd ferlet fan frijwilligers. Der binne safolle kânsen en moaie dingen dy't wy oppakke kinne, mar it skort faak oan frijwilligers. En it werven fan bestjoersleden is dus ek in omtinkingspunt.
Kin de gemeente hjiryn stypje, en hoe?
Dit fyn ik in drege fraach. Wat it belûken fan jongeren oanbelanget; hawwe jim tips? Miskien is it in idee om mei in jongereinwurker nochris in petear hjirfoar oan te gean.
Wat giet der goed?
Dêroer kin ik koart wêze: der giet hiel in soad goed. Wy binne in pear kear yn 't jier goed yn oerlis mei de gemeente. En der is no in doarpswethâlder, Marcel van Opzeeland. De linekes binne koart. Dat is wolris oars west. Wat wol better kin, is dat der yn myn eagen soms pro-aktyfer kommunisearre wurde kin. Der binne koartlyn twa laadpeallen yn it doarp delset. En dat is fansels hiel moai, allinnich steane se op in lokaasje dêr't ik fan tink; dat hie better oars kind. En dan fyn ik it spitich dat hjirfoar net fan tefoaren kontakt socht is. Dan hiene wy tegearre in moai plak sykje kinnen. Der stie lêst in goed artikel yn de NRC oer it belûken fan de mienskip. It giet derom dat it proses fan nije inisjativen by ynwenners begjint. Dus starte by de ynwenners en dêrmei fierder bouwe.
Wêr lizze noch útdagings?
Wat wy soarchlik fine foar it doarp is de Tolmanlokaasje. Dat is algemien bekend.
Hawwe jo tips foar de oare PB’s en bestjoeren?
Der is mar ien basisfundamint. En dat is: gean mei elkoar yn petear en harkje nei elkoar. Dan kinne der moaie dingen ta stân komme.