Yn petear mei…. Plaatselijk Belang Langezwaag

In nij ûnderdiel fan dizze nijsbrief is it ynterview mei in pleatslik belang. Om fan elkoar te witten en te learen en benammen dêrnei: dwaan! Dit kear binne wy ‘yn petear mei’ de bestjoersleden fan Pleatslik Belang Langezwaag.

In koart foarstelrûntsje. Hoe sjocht it bestjoer derút?

Wy hawwe op dit stuit in folslein nij bestjoer fan fjouwer minsken. Neffens de statuten moat it bestjoer út sân persoanen bestean, mar dat is al in grut tal jierren in probleem. Wy binne dwaande om de statuten te herzien. Der stiet bygelyks yn de statuten dat wy alve kear yn it jier byinoar komme moatte. Dit is neffens ús net mear fan dizze tiid, want wy kinne elkoar fia de mail of app tige goed berikke. De wichtichste funksjes yn it bestjoer binne ynfolle. Sa is Anja Koehoorn foarsitter, Wietse Bosma sekretaris, Wouter Speelman is ponghâlder en Sietske Voolstra is algemien lid. Wy binne dus in nij bestjoer. It foarige bestjoer hie in hiel aktive foarsitter mei in hiel soad kennis en kunde. Thijs hat safolle foar it doarp betsjutte. Dat is foar ús net op dy manier yn te foljen. En dêrom wolle wy it graach oars oanpakke. Net dat it bestjoer alle aktiviteiten sels oppakt, mar just yn ferbining mei de bewenners. Sa kreëarje jo draachflak by ynwenners. Hjir hawwe wy wol ideeën oer.

Wêr hâldt it Pleatslik Belang him benammen mei dwaande?

Eins kin de fraach better wêze: wêr hat it pleatslik belang him de ôfrûne jierren net mei dwaande hâlden. Wy hawwe in hiel soad saken op ús boerd nommen. Wy binne ús no better oan it fokusjen en hawwe dêrby advys hân fan ûnder oaren Hiske en Doarpswurk. Wy sille as bestjoer goed sjen nei wat wol en net op ús boerd heart en sjen wêr't krekt de kânsen lizze. Sa binne wy fan miening dat bygelyks de enerzjytransysje net op it boerd fan it pleatslik belang heart. Wy stypje fansels wêr't wy kinne en as der wurkgroepen binne, wurkje wy fansels mei. En wat de klachten yn de iepenbiere romte oanbelanget, nimme wy dy as pleatslik belang net oan, mar ferwize wy nei de meldingsapp. Ien fan de wichtichste ûnderwerpen dêr't wy ús mei dwaande hâlde wolle is draachflak binnen it doarp. Yn Langezwaag is 45 prosint lid fan it pleatslik belang. Dat binne der net folle. Dus it draachflak moat grutter. Hjir leit dúdlik in kâns; it is goed om oan ledenwerving te dwaan. En soargje dat de administraasje op oarder is. De omlizzende doarpen, lykas Luxwâlde, hawwe ús tips jûn hoe't wy dat oanpakke kinne. Dus kommend neijier hâlde wy in ledenwerfaksje en stribje wy nei 75 prosint. Wat ek in idee is om entûsjaste minsken út buerten byinoar te bringen; foar elke buurt in saneamde buertboargemaster. It idee is dat de buertboargemaster in oansprekpunt foar ús is en stypje kin by leuke inisjativen yn de buerten.

Der stiet in soad te barren yn Langezwaag lykas bygelyks de bou fan de skoalle en de útwreiding fan it doarp mei sechstjin wenten. Hjiryn sjogge wy ek wis in rol foar it pleatslik belang. En it projekt fan 1 miljoen mini-missys, in projekt fan de Regio Deal net te ferjitten. Dit binne grutte en langduorjende projekten dy't ek in soad tiid en enerzjy freegje. Lykas bygelyks de lêste mini-missy, it wettertapunt. Der komt folle mear by sjen as yn earste ynstânsje tocht. Sa komst derachter dat der noch in fergunning regele wurde moat en dat der in oansluting komme moat. Dus sa't wy earder oanjûnen, troch ynwenners yn wurkgroepen op ûnderwerpen dêr't se affiniteit mei hawwe, meitinke te litten is in win-win situaasje. Wy hawwe safolle kennis en entûsjasme yn it doarp, dat moatte wy benutte. De ferbining sykje is it kaaiwurd!

Op 4 oktober komt de boargemaster in besite bringe oan Langezwaag. Wy binne no al dwaande om te sjen hoe't wy hjir in moai programma foar meitsje kinne. Wy hawwe der sin yn!

En ta beslút, de doarpsfisy. Yn it neijier wolle wy hjir tegearre mei ús ynwenners mei oan de slach.

Wêr rint it pleatslik belang tsjinoan/binne der dingen dy't better kinne?

En hoe kin de gemeente hjiryn stypje? Wat wy echt yn ús doarp as grutte kâns sjogge is dat ferienings yn ús doarp wat mear mei-inoar yn kontakt komme. Us ferienings binne hiel entûsjast mar wol hiel bot op harsels rjochte. Hjir kin it pleatslik belang wat yn betsjutte. Dêrneist wolle wy oan ús eigen profilearring wurkje. Nije ynwenners wolkom hjitte mei in wolkomspakketsje mei bygelyks muntsjes fan it doarpshûs, en bygelyks in moaie kaart mei alle kontaktgegevens fan wichtige ferienings yn it doarp. Sa werfsto miskien wer nije leden.

De kommunikaasje mei de gemeente kin wol better. En dêrmei bedoele wy de weromkoppeling of oankundiging fan wurksumheden. Sadree't der wurksumheden yn de iepenbiere romte plakfine sille, wurde wy graach op 'e tiid ynformearre. Dus fan tefoaren kommunisearje. En dat bart no (noch) net genôch. En sjoch as gemeente ris goed nei hoe't ynwenners ynformearre wurde en beprat dit foaral mei de pleatslike belangen. Soms is in brief oan ynwenners genôch en soms is in ynformaasjegearkomste handich.

It tiidstip fan gearkomsten organisearre troch de gemeente is ek net altyd goed keazen. Bygelyks de gearkomste mei doarpshûsbestjoeren dy't om 16.00/16.30 oere begûn. In soad bestjoersleden hawwe njonken harren frijwilligerswurk noch in baan en binne dus oerdeis net beskikber. Dêr kin de gemeente better rekken mei hâlde. Plan gearkomsten gewoan yn de jûn. Dan kin elkenien derby wêze.

Wat giet goed? 

Wy binne bliid mei de doarpswethâlder. Dat jo koarte linekes hawwe, is hiel fijn. Wy hoege mar te appen of te skiljen en wy hawwe kontakt. Dit is hiel laagdrompelich. Dit jildt ek foar it doarpenteam. ‘As it earne oars yn de organisaasje dreech keallet, springt it doarpenteam foar ús yn de bres’. Wy ûnderfine it kontakt mei harren as hiel posityf. Wy ûnderfine ek hiel in soad stipe fanút de gemeente by bygelyks it organisearjen fan in gearkomste foar it doarp of by it ûntwikkeljen fan in doarpsfisy.

Wêr lizze noch útdagings?

Wy fine sawol de gearwurking mei de gemeente as de gearwurking mei de oare pleatslike belangen wichtich. Nim no de bou fan in nije skoalle, dat is fansels wat dat jierren spilet yn Langezwaag, mar dit giet ek Jonkerslân en Luxwâlde oan. It is wichtich dat wy aanst mei-inoar sjen nei it flekkeprogramma en de ûntsluting fan de nije skoalle. Want de skoalle moat aanst foar de bern fan alle trije doarpen goed tagonklik wêze. Dat de bou fan de skoalle sa lang op him wachtsje lit is dêr't men argewaasje oer hat. En ús plan om pleatslik belang better op de kaart te setten, stiet noch yn de berneskuon. Nei de simmer komme wy hjirfoar by ús ynwenners ‘op de line’ troch middel fan in ‘doarpspetear’, it besite fan de boargemaster en it opstellen fan in doarpsfisy. In moaie útdaging! It doarpenteam sil hjirby stypje en dêr binne wy bliid mei!

Binne der tips foar oare pleatslike belangen?

Elk bestjoer fan in pleatslik belang is oars. Miskien dat bestjoersleden net te lang sitten bliuwe moatte. Ienris in wikseling wurket ferfrissend. Miskien mear netwurkje mei-inoar. Kontakt mei-inoar is altyd goed, want jo leare faninoar!