Sa wurket it Gebietsteam
As jo jo oanmelde by it Gebietsteam, folget der in perioade mei petearen. Yn dy petearen bringe wy jo situaasje goed yn byld. Der wurdt in dossier makke en as der help nedich is, dan komt dêrfoar in plan. Op dizze side fertelle wy jo wat jo krekt ferwachtsje kinne en hoe't wy wurkje.
1. Earste petear
In meiwurker fan it Gebietsteam makket in ôfspraak mei jo foar in petear. Yn dat petear besprekke wy de folgjende fragen:
- Wêrby hawwe jo help nedich?
- Wat slagget sels mei help fan oaren, lykas freonen, famylje, buorlju?
- Hawwe jo al help en sa ja, hokker soarte help?
- Wat binne de mooglike oplossingen?
Wy freegje jo om by it earste petear in jildich identiteitsbewiis of paspoart by de hân te hawwen. Wy binne wetlik ferplichte om de identiteit fêst te stellen fan de minsken oan wa't wy help ferliene.

2. Ferfolchpetear

Nei it earste petear planne wy in ferfolchpetear yn. It kin noflik foar jo wêze om dan ien mei te nimmen dy't jo goed kenne. Dat
kin in famyljelid, freon of oare bekende wêze. Jo kinne ek help freegje fan in ûnôfhinklike kliïntstiper. Sy binne oplaat om jo te helpen jo situaasje goed út te lizzen. Dizze stipe stiet los fan de gemeente en is foar jo fergees. Sjoch foar mear ynformaasje op
https://ocodenktmee.nl.
3. Dossier / stipeplan
Nei de petearen en eventueel fierder ûndersyk meitsje wy in dossier oan. As der help fanút de gemeente nedich is, makket de meiwurker fan it Gebietsteam in ferslach. Wy neame dit it stipeplan. Lês dit goed troch, want hjiryn stiet hoe't wy jo fierder helpe sille en wat der oan (spesjalistyske) helpferliening nedich is.
Wy skriuwe allinnich ynformaasje oer jo op dy't wichtich is om te beoardieljen wat jo/jo bern oan help nedich hat. Soms stiet dêrom net alles wat besprutsen is yn it stipeplan. Jo kinne derop fertrouwe dat wy soarchfâldich omgeane mei jo gegevens. Wy beskermje se en diele se allinnich mei oaren as jo dêrfoar skriftlik tastimming jouwe.

Goed om te witten
It Gebietsteam wurket mei de Ferwiisindex. Dit is in lanlik systeem. De Ferwiisindex lit sjen wa't allegear belutsen binne by in bern, jongere, folwoeksene of húshâlding. Troch dat fan elkoar te witten kinne helpferlieners better gearwurkje. De soarch en begelieding wurdt sa goed op elkoar ôfstimd. Sjoch foar mear ynformaasje op www.ferwiisindexfryslan.nl.
Hawwe jo noch fragen?
