Sterk yn it libben stean begjint al hiel betiid. Fanôf it momint dat jo berne wurde. As âlden help by it opfieden ynsette wolle, ynvestearje wy dêr graach yn.

Hawwe jo in idee? Diel it mei ús!

Mei dizze previnsje-aginda wolle wy bewennersorganisaasjes, soarchoanbieders, ûndernimmers en oaren dy't harren belutsen fiele by previnsje yn ús gemeente útnûgje om mei te tinken en mei te dwaan. Diel jo ideeën mei ús! Hoe soene jo bydrage wolle oan ús fitale doarpen?

Hjirûnder fine jo sân aksjelinen dy't wy elk jier oersette wolle nei konkrete ynspanningen. Hawwe jo hjirfoar in idee of binne jo al earne mei dwaande dêr't jo ús of oaren foar nedich hawwe? Diel dy plannen mei ús fia

gemeente@opsterland.nl

Elkenien telt mei, elkenien docht mei. Wy sykje nei manieren hoe't eat wél kin. Want wy wolle sûn wenje yn ús fitale doarpen.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân