Oanbieders fan Wmo-stipe binne ferplichte om goede en feilige soarch te leverjen. Dêrom moatte sy alle kalamiteiten en geweldsyngrepen melde by de gemeente.
Mantelsoarger binne jo wannear't jo yn in perioade fan langer as 3 moannen mear as 8 oeren yn 'e wike yntinsive soarch en/of ûnbetelle help biede oan in partner, famyljelid, freon, kunde of buorlju.
Kinsto dy noch goed konsintrearje op skoalle as dyn suske yn it sikehûs leit? Of sissto wolris ‘nee’ tsjin dyn freonen om't dyn mem net allinnich thús wêze kin? Bisto tusken de 10 en 25 jier en soargesto foar, of meitsjesto dy soargen om, immen thús, in buor, freon of famyljelid? Dan bisto in jonge mantelsoarger.