Jo binne mantelsoarger as jo langer as 3 moannen mear as 8 oeren yn 'e wike yntinsive soarch en/of ûnbetelle help biede oan in partner, famyljelid, freon, kunde of buorlju. In mantelsoarger is gjin beropsmjittige soarchferliener, mar biedt help of soarch út in persoanlike bân mei dejinge foar wa't men soarget. De help dy't jo as mantelsoarger jouwe, kin bestean út fersoarging, mar it kin ek help wêze by needsaaklike deistige aktiviteiten lykas húshâldlike taken. Troch dizze help kin de oare him rêde, thús bliuwe wenjen en meidwaan oan de maatskippij.

Jonge Mantelsoargers fan Opsterlân

Kinsto dy noch goed konsintrearje op skoalle as dyn suske yn it sikehûs leit? Of sissto wolris ‘nee’ tsjin dyn freonen om't dyn mem net allinnich thús wêze kin? Bisto tusken de 10 en 25 jier en soargesto foar, of meitsjesto dy soargen om, immen thús, in buor, freon of famyljelid? Dan bisto in jonge mantelsoarger.

1 op de 4 jongerein yn Nederlân is jonge mantelsoarger

Foar dy is it miskien hiel gewoan, mar it is eins hiel bysûnder watsto dochst. En do bist net de iennige: 1 op de 4 jongerein yn Nederlân is jonge mantelsoarger.

Meld dy oan foar de Jonge Mantelsoargers fan Opsterlân

Regelmjittich organisearje wy leuke aktiviteiten foar jongerein lykas jo. Jo leare oare jonge mantelsoargers út Opsterlân kennen, dêr't jo ûnderfinings mei diele kinne of gewoan even wat gesellichs dwaan kinne. Liket it jo leuk om mei te dwaan? Gean nei de side

 Jonge Mantelsoargers fan Opsterlân

Mantelsoarchstipe

As mantelsoarger besteegje jo in soad tiid oan it soargjen foar jo partner, bern, âlder of in oare neiste mei psychyske problemen, in chronyske sykte, âlderdomskleauwen lykas deminsje of lichaamlike beheiningen yn jo omjouwing. Dêrtroch bliuwt der soms net folle tiid oer foar josels. Hoe faak hawwe jo de ôfrûne moanne even tiid hân om te sporten, in kopke kofje te drinken mei in freon(inne) of te biljerten yn it kafee?  

It is wichtich om óók goed foar josels te bliuwen soargjen. Sa no en dan ûntspanne soarget derfoar dat jo it mantelsoargjen better folhâlde en helpt te foarkommen dat jo oerbelêste reitsje. 

Goed om te witten!

As jo yntinsyf soargje foar in neiste, dan fine jo dit faak hiel normaal. Dochs is it tige bysûnder wat jo dogge. Jo moatte witte dat jo der net allinnich foar hoege te stean.

  • Jo kinne help ynskeakelje fia ferskate profesjonele organisaasjes. Hieltyd faker fergoedzje soarchfersekerders fia in oanfoljende fersekering mantelsoarchstipe en/of respijtsoarch.
  • Ek fanút de Wmo kinne jo yn oanmerking komme foar stipe. De konsulinten fan it Gebiedsteam kinne jo advisearje en helpe by it finen fan passende stipe.
  • In tal doarpen yn ús gemeente beskikt oer doarpssteunpunten. Hjir kinne jo terjochte mei allerhanne fragen, mar ek as jo immen nedich hawwe dy't jo tydlik helpt mei bygelyks it gers meanen.
  • Jo kinne mear ynformaasje fine oer foarsjennings, stipe fan leeftydsgenoaten, mienskipsromten en aktiviteiten op de webside voorelkaarplein.nl .

Wenjen en mantelsoarch

As der sprake is fan yntinsive mantelsoarch is it soms mooglik om de mantelsoarger en de soarchfreeger op één adres wenje te litten. It is mooglik om as mantelsoarger by jo neiste yn te wenjen of jo neiste komt by jo wenjen.

Mear ynformaasje

It bouwen fan in mantelsoarchwenning

Meitsje jo bekend as mantelsoarger!

Miskien twifelje jo sels ek wol, oft jo mantelsoarger binne. Om't jo soargje foar immen dy't jo goed kenne, fine jo dit faak hiel gewoan. Binne jo mantelsoarger en steane jo noch net by de gemeente registrearre? Meld jo dan oan! Folje it formulier 'Oanmelde mantelsoarch' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Nei jo oanmelding nimt in Wmo-konsulint kontakt mei jo op.

Wannear't fêststeld wurdt dat der yndie mantelsoarch ferliend wurdt, wurde jo offisjeel ynskreaun. As jo ferlet hawwe fan stipe, wurdt der in ôfspraak makke om jo situaasje mei jo te besprekken.

Nijsbrêf mantelsoarch

Jo ûntfange nei ynskriuwing in attinsje en komme tenei yn oanmerking foar it mantelsoarchkomplimint. Ek wurde jo útnûge foar de aktiviteit op de jierlikse mantelsoarchmiddei en kinne jo jo ynskriuwe foar it ûntfangen fan de mantelsoarchnijsbrêf.

Wannear't jo der net útkomme, kinne jo altyd belje nei 0512 386222 of fia gebiedsteam@opsterland.nl maile mei it Gebiedsteam fan gemeente Opsterlân.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Sjoch ek ris op 

voorelkaarplein.nl

Gemeente Opsterlân