Doarpsstipepunten
Hast alle doarpen yn de gemeente hawwe in doarpssteunpunt. Jo kinne by it doarpssteunpunt terjochte foar ynformaasje en advys en as jo (tydlik) in helpende hân nedich hawwe.
- Ik moat in formulier ynfolje. Kin immen hjirby helpe?
- Ik haw myn skonk brutsen. Kin immen myn hûn útlitte?
- Ik bin nij yn it doarp. Wat is der allegear te dwaan?
- Ik haw in rolstoel nedich. Hoe moat ik dat regelje?
- Ik kin gjin gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier en wol dochs graach famylje besykje. Hokker mooglikheden binne der?
- It slagget net mear om sels te koken. Hokker mooglikheden binne der om dochs elke dei in waarm miel te iten?