Wannear't der sprake is fan yntinsive mantelsoarch is it soms mooglik om de mantelsoarger en de soarchfreeger op ien adres wenje te litten. It is mooglik om as mantelsoarger by jo neiste yn te wenjen of jo neiste komt by jo wenjen. Wolle jo wol graach in skieden wenjen hawwe dan moatte jo by de gemeente in oanfraach dwaan.

Mantelsoarchwenning

By it oanfreegjen fan in fergunningsfrije mantelsoarchbestimming op in wenning of it pleatsen fan in wenunit hat de soarchfreeger altyd in medyske yndikaasje nedich foar de helpfraach.

Sadree't der in fersyk dien wurdt, bringt in WMO-konsulint in besite oan de oanfreger. Wannear't beoardiele wurdt dat mantelsoarch needsaaklik is, wurdt hjirfan in rapport opsteld wêrnei't troch de mantelsoarger of soarchfreeger kontakt opnommen wurde kin mei de ôfdieling fergunning, tafersjoch en hanthaving.

Dizze ôfdieling giet oer wenbesluten en beoardielet definityf oft jo yn oanmerking komme foar de fergunningsfrije mantelsoarchbestimming op it opjûne adres.

Ynformaasje hjirfoar kinne jo yn de ûndersteande link fine :

Hokker regels jilde der foar de bou fan in mantelsoarchwenning? | Rijksoverheid.nl

(Pré-)Mantelsoarchwenning

Yn guon gefallen is der sprake fan in soarchbehoefte, wêrby't der noch gjin medyske yndikaasje foar mantelsoarch is. It giet dan om stadich foarútgeande oandwaningen, dy't op termyn liede ta in mantelsoarchbehoefte. It is mooglik in fergunning foar in pré-mantelsoarchwenning- of unit oan te freegjen. Dizze Pré-mantelsoarchwenningfergunning is maksimaal 10 jier jildich. Foardat in unit yn sicht komt, wurdt der sjoen nei ynwindige opsjes en mooglikheden yn bygebouwen op it perseel. Blykt dat dêr gjin passende mooglikheden binne, dan heart in pré-mantelsoarchunit ta de mooglikheid.

Mear ynformaasje

pré-mantelsoarchwenjen gemeente Opsterland 2023 | Lokale wet- en regeljouwing (overheid.nl)

It bouwen fan in mantelsoarchwenning (gemeente Opsterland)