In mantelsoarchwenning is in wenning by in oare wenning, bedoeld foar immen dy't mantelsoarch nedich hat of jout. Hjir binne in pear wichtige regels foar in mantelsoarchwenning:

  • Yn in mantelsoarchwenning meie maksimaal 2 minsken wenje, wêrfan ien persoan soarch ûntfangt of jout.
  • De mantelsoarchwenning mei der allinnich stean salang't de soarch nedich is.
  • As der gjin soarch mear nedich is, moat de mantelsoarchwenning en eventuele foarsjennings fuorthelle wurde.
  • De wenning mei net foar oare doelen brûkt wurde.
  • Allinnich de begeane grûn mei as wenromte brûkt wurde; in eventuele souder is allinnich foar opslach.

Soarten mantelsoarchwenningen

  1. In bygebou by de wenning, lykas in garaazje, dat tydlik geskikt makke is om yn te wenjen.
  2. In oanbou oan de wenning of in diel fan de wenning mei in eigen yngong, wenkeamer, sliepkeamer, badkeamer en keuken.
  3. In tydlike frijsteande wenunit yn de tún.

Hawwe jo in fergunning nedich foar in mantelsoarchwenning?

Dit hinget ôf fan de situaasje. Faak kin in mantelsoarchwenning sûnder fergunning pleatst wurde. As dat net kin, is in fergunning nedich. De oanfraach wurdt dan per situaasje beoardiele.

Gjin fergunning, wol regels

Ek sûnder fergunning moat de bou fan in mantelsoarchwenning foldwaan oan de technyske regels fan it Beslút bouwwurken leefomjouwing (Bbl).

Fergunningsfrije mantelsoarchwenning bûten de beboude kom

As jo bûten de beboude kom wenje, meie jo yn it eftererf in mantelsoarchwenning pleatse sûnder fergunning. Dit moat foldwaan oan de folgjende easken:

  • De mantelsoarchwenning moat ferpleatsber wêze (yn dielen of yn syn gehiel).
  • De mantelsoarchwenning mei allinne op it eftererfgebiet stean (minimaal 1 meter efter de foargevel) en bygelyks net op agraryske grûn.
  • De mantelsoarchwenning mei maksimaal 100 m² grut wêze.
  • As de mantelsoarchwenning binnen 4 meter fan de wenning stiet, mei de mantelsoarchwenning net heger wêze as 5 meter en ek net heger as de wenning.
  • As de mantelsoarchwenning mear as 4 meter fan de wenning stiet, mei dizze net heger wêze as 3 meter by in skuordak.

Of de wenning moat foldwaan oan de regels sa't omskreaun by ‘Binnen de beboude kom’. Dizze fine jo yn it omjouwingsplan.

Fergunningsfrije mantelsoarchwenning binnen de beboude kom 

Binnen de beboude kom mei in mantelsoarchwenning ek faak sûnder fergunning yn it eftererf pleatst wurde. Dit is ôfhinklik fan:

  • De mantelsoarchwenning moat passe binnen de bebouwingsregels fan it omjouwingsplan, lykas it maksimale bou-oerflak, hichte, ensfh.
  • In mantelsoarchwenning mei allinne pleatst wurde op grûn mei in wenbestimming.
  • In besteand bygebou of diel fan de wenning mei omboud wurde ta mantelsoarchwenning.

Unwis oft jo in fergunning nedich hawwe?

As it ûndúdlik is oft jo in fergunning nedich hawwe, kinne jo kontakt opnimme fia publiekscentrum@opsterland.nl. Fermeld hjirby:

  • it adres;
  • it plak fan de mantelsoarchwenning;
  • de ôfmjittings fan de mantelsoarchwenning.

In fergunning oanfreegje

Wolle jo in fergunning oanfreegje? Dat kin fia it Omjouwingsloket: 

Mear ynformaasje