Mishanneling en soarchlik gedrach

Giet it net goed by jo thús, of meitsje jo jo soargen oer immen oars? Sjogge of tinke jo dat immen oerlêst feroarsaket, ferplichte help nedich hat of in gefaar foar himsels of oaren is? Dan kinne jo dit melde en beprate mei immen fan it gebietsteam. Sy binne te berikken fia 0512-386222.

Kontakt mei de plysje

Is der gjin sprake fan driuwende need, mar tinke jo dat de plysje yngripe moat? Jo kinne dan belje mei de plysje, te berikken fia 0900-8844. Is der sprake fan direkt gefaar of driuwende need? Bel dan altyd 112.

Hawwe jo in fermoeden fan húslik geweld, bernemiishanneling of âlderemiishanneling?

Jo kinne foar help en advys 24/7 skilje mei Feilich Thús Fryslân, fia 0800 - 2000 (fergees). Jo kinne hjir ek (anonym) in melding dwaan. Is der sprake fan direkt gefaar? Skilje dan altyd 112.

Moat jo bern mei spoed opfongen wurde?

Soms kin it wêze dat in bern mei spoed opfongen wurde moat. As it gebietsteam fan de gemeente net berikber is en jo kinne sels gjin oare oplossing fine, dan kinne jo Spoed4Jeugd skilje. Spoed4Jeugd biedt yn Fryslân spoedeaskjende (jeugd)help yn krisissituaasjes by gedrachs- of opfiedingsproblemen, gesinsproblemen of psychyske problemen. Jo kinne Spoed4Jeugd berikke fia: 0800 - 776 33 45 (0800-SPOED4J) (24/7). 

Lit immen ûnbegrepen gedrach sjen? En meitsje jo jo soargen?

Dan kinne jo foar advys terjochte by it Meldpunt Soarchlik Gedrach fia 0800-1205. Jo kinne hjir ek (anonym) in melding dwaan.

Wannear't jo jo soargen meitsje om immen, kinne jo soms sels ek help biede. Let altyd op jo eigen feilichheid en dy fan de minsken yn jo omjouwing.

  • Is der sprake fan ûnfoarspelber en agressyf gedrach? Skilje dan de plysje fia 0900-8844.
  • Is der sprake fan direkt gefaar? Skilje dan 112.
  • Tinke jo oan selsmoard of fermoedzje jo dat immen tinkt oan selsdeading? Skilje dan 113.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân