Kalamiteiten of geweld by Wmo-soarch melde
Oanbieders fan Wmo-stipe binne ferplichte om goede en feilige soarch te leverjen. Dêrom moatte sy alle kalamiteiten en geweldsyngrepen melde by de gemeente. It doel is om tegearre de kwaliteit fan de stipe te ferbetterjen. In melding fan in kalamiteit of geweldsyngryp moat binnen trije wurkdagen dien wurde.
Kalamiteiten en (gewelds)yngrepen by oare soarchsoarten kinne jo melde by de Ynspeksje Sûnenssoarch en Jeugd (YSJ).
Hoe meld ik in Kalamiteit of Geweldsyngryp?
Jo kinne fia de ûndersteande knop in melding dwaan.
Jo kinne ek maile nei: toezichthouder.sociaaldomein@opsterland.nl.
Wat is it ferskil tusken in kalamiteit en in (gewelds)yndsidint
Yndsidint: Dit is in relatyf lichte fersteuring yn de soarchferliening. It kin gean om in hast-ûngelok of flater troch in meiwurker, wêrtroch't de kliïnt net de optimale stipe ûntfangt of mooglik skea ûnderfynt. Bygelyks:
- Te let sinjalearje fan in probleem.
- Unjúst ynformaasje oan de kliïnt jaan.
- Undeskundich hanneljen by sûnensproblemen.
- Flaters yn dokumintaasje.
Kalamiteit: Dit is in earnstiger barren mei skealike gefolgen, lykas:
- It ferstjerren fan in kliïnt.
- Earnstich lichaamlik letsel troch it hanneljen fan in oar.
- Earnstich grinsferlizend gedrach (fysyk, psychysk, of seksueel) troch kliïnten of helpferlieners.
- Earnstige geweldsyndsidinten.
In kalamiteit foarmet in direkte bedriging foar de kwaliteit of kontinuïteit fan de stipe. It is wichtich om de oarsaak fan de kalamiteit te ûndersykjen en maatregels te nimmen om werhelling foar te kommen.
Kalamiteiten en earnstige geweldsyndsidinten moatte jo altyd melde by de gemeente
In kalamiteit of earnstich geweldsyndsidint moat binnen trije dagen meld wurde by de tafersjochhâlder Wmo fan de gemeente. Dizze tafersjochhâlder start de ferfolchproseduere.
Soms is it ferskil tusken in kalamiteit en in yndsidint lestich
Soms kin in yndsidint oergean yn in kalamiteit. De soarchoanbieder moat dit sels ynskatte. By twifel kinne jo kontakt opnimme mei ús tafersjochhâlder sosjaal domein fia it algemiene telefoannûmer of fia de ûndersteande kontaktknop.
