Alle opjeften yn ien eachopslach

Omjouwingsfisy opjeften totaal bywurke

Opjefte 1 - Leefbere en vitale doarpen

Omjouwingsfisy - Opjefte 1

A. Wat is de opjefte?

It is goed wenjen, rekreaasje en wurkjen yn Opsterlân. De gemeente is in plattelânsgemeente mei in protte kwaliteiten, rûchwei tusken Drachten en Hearrenfean yn it moaie Súdeast-Fryslân. Dizze kwaliteiten komme wis en wrachtich ek ta utering yn de 16 doarpen. De regio Súdeast-Fryslân ken (noch) gjin ôfname fan it tal ynwenners en is wat leefberens, ekonomy en wenjen oanbelanget relatyf sterk. Hoewol't de befolkingsprognoses oanjouwe dat de befolkingsdelgong oer ien of twa desennia yn Súdeast-Fryslân, en dus ek yn Opsterlân, oan 'e oarder wêze sil, is it no noch gjin aktueel tema. 

Demografyske prognoses litte sjen dat de befolkingsopbou de kommende jierren feroarje sil. Tusken no en 2035 sil de befolking fan de gemeente nei ferwachting ôfnimme. It tal húshâldings nimt yn dizze perioade lykwols noch ta. 

Dêrom is it saak om geregeld stil te stean by de kwaliteit fan sosjale struktueren en foarsjennings yn de doarpen. 

Ferâldering en ûntgriening is foar de kommende jierren in aktueel tema. Lanlik belied is derop rjochte dat âlderen hieltyd langer thús wenjen bliuwe. Sy sille dus in grutter berop dwaan op ekstramurale foarsjennings, famylje en doarpsgenoaten. In net-bedoeld effekt hjirfan is dat de trochstreaming op de wenningmerk net befoardere wurdt, sels stagneart. Dêrom moatte wy krekt mear ynsette op foarsjennings dy't in doarp sels graach yn stân hâlde wol. Yn kombinaasje mei de hjoeddeistige krapte en priisnivo's op de wenningmerk makket it dat starters en jongerein noch amper in passende wenning bemachtigje kinne.

B. Wat betsjut dat foar Opsterlân?

Opsterlân is primêr in gemeente dêr't it goed en feilich wenjen is yn in prachtich en ôfwikseljend lânskip. It is wichtich dat de doarpen leefber, vitaal en oantreklik bliuwe. Dat kin troch in goed en takomstgerjochte oanbod fan wenten, in bloeiend ferieningslibben, romte om ûndernimme te kinnen en genôch berikbere en betelbere algemiene en foarlizzende foarsjennings. 

Neist wenjen binne der fiif oare basisfunksjes wichtich: ûnderwiis, sport/ûntspanning, moetsjen, soarch en bedriuwigens/wurk. De gemeente wurket gear mei ynwenners, ferienings en Undernimmers oan oplossingen en ferbetteringen om doarpen fitaal en leefber te hâlden. In fitaal doarp biedt foar ynwenners ferskate oanpakpunten om sawol fysyk, mentaal as sosjaal-emosjoneel sûn te bliuwen. It fitale doarp hat prioriteit en is útgongspunt yn de yn 2021 fêststelde Previnsje-aginda.

A en B gearfette

  • It is goed wenjen, rekreaasje en wurkjen yn Opsterlân. De gemeente is in plattelânsgemeente mei in protte kwaliteiten. Dizze komme ta utering yn de 16 doarpen. Wy sjogge de krapte op de wenningmerk en de kwetsberens fan de sosjale gearhing yn de doarpen. De oantreklikens om yn Opsterlân te (bliuwen) wenjen freget kontinu omtinken.
  • Wy hawwe in takomstgerjochte wenklimaat. De wenningfoarried slút oan by de hjoeddeistige en takomstige fraach en by de feroarjende befolking gearstalling. Wy wolle romte bliuwe bieden foar ekstra wenten en stribje nei in kwalitatyf goede wenningfoarried. Wy ynvestearje yn oantreklike doarpen mei in sterke sosjale gearhing. Der binne genôch wenten (kwantitatyf en kwalitatyf), ôfstimd op de behoeften fan de ferskate doelgroepen.

C.    Hokker karren meitsje wy?

1. Wenningbou rjochte op de takomst 

  • Wy stribje nei kwalitative ferbettering fan de besteande wenningfoarried: takomstbestindich, enerzjysunich en mear libbensrinbestindich. 
  • Wy slute oan by de wenningbehoefte yn de doarpen en hâlde rekken mei aard en skaal fan it doarp.
  • Wy stribje nei tafoeging fan wenten oan de wenningfoarried. Hjirfoar sette wy nijbou yn. Betingst is dat dizze wenten kwaliteit hawwe wat duorsumens en libbensrinbestindichheid oanbelanget. Wy stribje dêrby boppedat nei wenten dy't net folle foarkomme yn de foarried en nei wenten dêr't ek yn de takomst ferlet fan is.
  • Wy jouwe foarrang oan ynbreiding binnen de hjoeddeistige doarpskontouren.
  • Wy stribje nei genôch, betelbere en beskikbere sosjale hierwenten foar lege en middenynkommens.
  • Wy stribje nei it tapassen fan tydlike wenfoarmen, fanwege fleksibiliteit.

2. Basisfoarsjennings berikber hâlde

  • Wy wolle yn elk doarp de basisfoarsjennings (berikber) hâlde.
  • Wy wurkje gear mei ynwennersinisjativen om ek oare sosjaal-kulturele en ûnderstypjende foarsjennings yn stân te hâlden.
  • Digitale berikberens is yn de moderne maatskippij fanzelsprutsen.

3. Fasilitere fan de ynklusive maatskippij

  • Wy sette yn op ‘Krêft fan de mienskip’.
  • Wy wolle ynvestearje yn doarpen. Dêrby rjochtsje wy ús op in sterke sosjale gearhing.
  • Wy fine it wichtich dat elkenien meitelt en meidocht.
  • Wy stypje ynwenners om sa lang mooglik selsstannich wenje en libje te kinnen.
  • It is wichtich dat eltse ynwenner him optimaal ûntwikkelje kin.

4. Romte om te ûndernimmen

As gemeente soargje wy foar genôch ûntwikkelromte foar bedriuwen.

  • It doel is om it oanbod fan lokaasjes foar bedriuwen oanslute te litten by de fraach. Yn prinsipe is it doel bedriuwen mei in romteferlet binnen de gemeente in plak fine te litten. Oft dit slagget, is mei ôfhinklik fan de aard en omfang fan it bedriuw. As der in soad fraach en in bytsje oanbod is, sjogge wy oft útwreiding fan bedriuwsterreinen nedich is. Wy sjogge dêrby ek nei fraach en oanbod yn de regio.
  • De bedriuweterreinen fan Opsterlân hawwe yntrinsyk in hege kwaliteit. Se kinne dêrnjonken ek tsjinje as “útwykgebiet” foar lytsskaliger bedriuwen as de gruttere yndustriële bedriuwsfestigingen, bygelyks dy yn Hearrenfean en Drachten.

Bedriuwigens yn de doarpen

  • Doarpen kinne fitale en leefber bliuwe as lokale bedriuwigens behâlden bliuwt en ta bloei komme kin. It midden- en lytsbedriuw, de detailhannel, de hoareka en wis ek agraryske ûndernimmingen binne fan enoarm belang. Wêrby't dizze lêsten ek in rol spylje yn de leefberens yn it bûtengebiet. Lytsskalige bedriuwigens en passende groei sille wy altyd posityf temjitte komme. Yn dat ferbân jûchje wy de realisaasje fan lytse of middelgrutte bedriuwsammelgebouwen ta. Dêrnjonken befoarderje wy it sirkulêr ûndernimmen en lokale bestegingen. 

Wy stribje nei libbene kompakte kearnwinkelgebieten.

  • Wy sette yn op goed funksjonearjende, oantreklike en takomstbestindige winkelgebieten yn in feroarjend retaillânskip. Hjirby ûnderskiede wy twa haadtema's.
  • Weromkringen fan leechstân en oerkapasiteit en fan oerstallige plankaapasiteit yn winkelflieroerflak.
  • Fersterkjen fan de útstrieling, belibbing en oantreklikens fan winkelgebieten.

Der is romte foar rekreative ûndernimmingen

  • Rekreaasje en Toerisme is in sektor mei potinsjeel yn Súdeast-Fryslân. It lânskip is unyk, ôfwikseljend en útnoegjend. It ûndernimmerskip is goed ûntwikkele, mar kin ek hjir en dêr noch wol in kwantitative en kwalitative slach meitsje. Troch in toeristyske bril besjoen wurdt Súdeast-Fryslân ek wol “It Oare Fryslân” neamd. Om dit merk noch better ta bloei komme te litten sille wy organisatoarysk en romtlik fasilitêr wêze.

D. Bestaande beliedskaders

  1. Previnsje-aginda Opsterlân 2021-2030
  2. it koälysjeakkoart Mei-inoar foarút 2022-2026
  3. Fitaal Opsterlân, Fisy op Basisfoarsjennings en Akkommodaasjes 2010-2030  hat laat ta Fitaal Opsterlân ferzje 2 (2013)
  4. Basis-analyse Doarpsspegels Opsterlân 2017 – 2018 
  5. WenFisy 2017-2021 (Aktualisaasje WenFisy 2022-2026)
  6. Kadernota sport en bewegen 2017-2021
  7. Yntegraal Húsfestingsplan Underwiis 2015-2030
  8. Kadernota Doarpshûsbelied (15 novimber 2021 per riedsbeslút)
  9. Kânsen benutte Rekreaasje en toerisme yn Opsterlân (2016-2020)
  10. Untwikkelaginda's Duorsum, Leefber en Ynklusyf Opsterlân
  11. Regionale Ofspraken Wenjen Súdeast-Fryslân, 2016-2026 (2018).
  12. Prestaasjeôfspraken wenningkorporaasjes en de hierdersorganisaasje De Bewennersried (Jierliks).
  13. Detailhannelsfisy 2015
  14. Bedriuweterreinen Súdeast-Fryslân
  15. Beliedsplan ferljochting 2009-2014

E. Aktuele projekten en beliedsplannen 

  1. Wy stelle tegearre mei de doarpen nije doarpsfisy's op. Dêrfoar wurde yn 2022 aktualisearre doarpsspegels makke. Dy jouwe in byld fan de stân fan saken yn de ferskate doarpen. 
  2. Kaders fan it doarpshûzebelied fêststelle.
  3. Koersplannen foar alle doarpshuzen.
  4. Doarpskoördinator oansteld (2020).
  5. Wenfisy aktualisearje (2017-2021).
  6. Ferromming en fleksibilisearring fan de wenningbouromte (Nije wenningbouôfspraken mei de provinsje foar de perioade 2020-2030)
  7. Regiodeal Súdeast-Fryslân 2020 – 2023 mei as ien fan de pylders Vitale Doarpen. Wichtich ûnderdiel dêryn is it programma De Gordyk rjochte op fersterking fan de regionale posysje fan De Gordyk. Regionale toeristyske ûntwikkelstrategy Súdeast-Fryslân Regionale gearwurking RenT yn it ramt fan ‘It oare Fryslân’ 
  8. De earste aksjeline fan de previnsje-aginda is rjochte op it fersterkjen fan de sosjale netwurken yn de doarpen. 
  9. Fernijing detailhannelsfisy 
  10. In wensoarchanalyse om te sjen wat der nedich is op it mêd fan wenjen en soarch.

Dizze opjefte draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Opjefte 2 - Klimaatadaptaasje, wetteroerlêst en hjittestress

Omjouwingsfisy - Opjefte 2

A. Wat is de opjefte?

It klimaat feroaret. It waar wurdt ekstremer: wy krije te krijen mei mear en swierdere buien. As gefolch dêrfan nimt de kâns op oerstreamings en wetteroerlêst ta. De simmers wurde drûger en hjitter. De gefolgen dêrfan, lykas hjittestress, sjogge wy om ús hinne. Yn Nederlân, mar ek wrâldwiid, wurdt hurd wurke om klimaatferoaring tsjin te gean. Wy moatte der lykwols rekken mei hâlde dat in diel fan de feroarings net werom te draaien is. Foar Opsterlân is koartlyn in klimaatstresstest útfierd. Op de site www.frieseklimaatatlas.nl steane de resultaten.

B. Wat betsjut dat foar Opsterlân?

De effekten fan klimaatferoaring wurde foaral field yn de doarpen. Troch bebouwing en ferhurding is it foar it wetter lestich om fuort te kommen en kin it him opheape, sadat wetteroerlêst ûntstiet. Tusken gebouwen en op ferhurde terreinen rinne de temperatueren heger op as yn de bûtengebieten; wy neame dit hjittestress. Benammen by de ynrjochting fan de doarpen is it fan belang dat wy maatregels nimme om ús oan te passen oan it feroarjende klimaat. Yn Opsterlân binne der ek ferskillen tusken de sângebieten en de feangebieten. It fariearre lânskip en de ferskillen yn boaiemgesteldheid binne beskreaun yn haadstik 5. Sa is it yn de sângebieten rapper drûger en moatte wy derfoar wachtsje dat it grûnwetter net te fier weisakket. Ofkeppeljen fan himelwetterôffier fan it rioelstelsel sadat it rjochting oerflaktewetter kin, helpt om wetter langer yn it gebiet fêst te hâlden en om drûchte by sânboaiems foar te kommen. Yn de feangebieten is wetteropfang en fêsthâlden makliker. Wy hawwe yn it feangebiet de winsk om op ferskate plakken it wetterpeil te ferheegjen om it fean te sparjen en CO2-útstjit tsjin te gean. Tegearre mei Wetterskip Fryslân wurkje wy oan maatregels om hjir oplossingen foar te finen. In robúst wettersysteem helpt ús hjirby.

Hjittestress kin tsjinkaam wurde troch minder ferhurding en mear grien by wenten en yn de iepenbiere romte, skaadjaande begroeiïng yn it bûtengebiet, griene dakken op wenten en bedriuwen, mar ek tûke materiaalkarren.

A en B gearfette

  • It klimaat feroaret. De negative effekten wurde hieltyd mear sichtber.
  • Wy wolle ús leefomjouwing oanpasse oan de gefolgen fan klimaatferoaring en de neidielige effekten tsjingean. 

C. Hokker karren meitsje wy?

  1. Wy wolle foarkomme dat ynwenners en bedriuwen wetteroerlêst ûnderfine by swiere reinfal, hjittestress by langduorjende temperatueren boppe de 30 graden en gjin of minder skea ûnderfine troch langduorjende drûchte; tink dêrby oan opbringstderving fan gewaaksen of skea oan de natuer.

As gemeente hawwe wy de folgjende maatregels foar eagen: 

  • a. Ferbetterjen fan opfang himelwetter troch skieden rioel oan te lizzen by ferfanging of oanlis nije rioelring.
  • b. By nije bouplannen of herstrukturearring fan gebieten moat dúdlik wêze hokker bydrage levere wurdt oan de klimaatopjefte.
  • c. Oanlis fan lytsskalige wetteropfang op plakken dêr't wetteroerlêst foarkomme kin.
  • d. Oanlizze en/of tafoegje fan beplanting of wetterpartijen op plakken dêr't hjittestress ûntstean kin.
  • e. Ynwenners fan de gemeente Opsterlân bewust meitsje fan harren eigen rol by klimaatadaptaasje. Bygelyks troch it stimulearjen fan mear grien yn de tún, minder bestrjittingen troch it ôfkoppeljen fan himelwetterôffier sadat it rjochting boaiem en oerflaktewetter kin.
  • f. Maatregels klimaatadaptaasje kinne ek bydrage oan it ferbetterjen fan de biodiversiteit.

D. Bestaande beliedskaders

  1. Wettertakenprogramma (2020)
  2. Beammenbeliedsplan (2020)
  3. Provinsjale Omjouwingsfisy POVI (2020)
  4. Nasjonale Omjouwingsfisy (NOVI) 2020

E. Aktuele projekten

Mids 2022 is hast 20% fan it rioel in skieden systeem. Dat betsjut dat der noch 80% fan mingd rioel nei skieden rioel omset wurde moat. It direkt opdracht jaan om alle rioelen skieden oan te lizzen is budzjettair net realistysk, it freget logistyk en finansjeel in te grutte ynvestearring. By elke ferfanging fan it mingd rioel wurdt yn prinsipe in skieden rioel oanlein. Oan de oare kant wurdt in mingd rioel pas ferfongen as dit technysk oan ferfanging ta is. Troch de klimaatopjefte meiwage te litten yn de ôfwaging fan wol of net ferfange fersnelle wy it ferfangen fan mingd rioel nei skieden rioel.

  1. Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG)
  2. Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG)
  3. Feanweideprogramma
  4. Projekt Keningsdjip
  5. Natura 2000
  6. Risikodialooch
  7. Terreinbehearjende organisaasjes, lykas It Fryske Gea; Natuermonuminten en Steatsboskbehear, lânbou en lângoeden.

Dizze opjefte draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Opjefte 3 - Befoarderjen enerzjytransysje

Omjouwingsfisy - Opjefte 3

A. Wat is de opjefte?

De Enerzjytransysje as wichtige opjefte hat syn oarsprong yn de klimaatafspraken fan Parys (2015). De doelstellings foar Nederlân binne fêstlein yn it Klimaatakkoart.

  • Yn 2030 besparje wy, yn ferliking mei it referinsjejier 1990, 49% op de CO2-útstjit. Mei it regearingsakkoart fan Rutte IV (2022) is dit ferhege nei 55%
  • Yn 2050 beheine wy de CO2-útstjit, yn ferliking mei it referinsjejier, mei 98%. Fossile brânstoffen, wêrûnder ierdgas, binne yn de boude omjouwing ferfongen troch duorsume boarnen en duorsume enerzjy. 

B. Wat betsjut dat foar Opsterlân?

De ôfspraken út it Klimaatakkoart binne yn Opsterlân útwurke yn de Transysjefisy Waarmte (2021) en de Regionale Enerzjy Strategy (2021) (RES). De Transysjefisy Waarmte is opsteld yn gearwurking mei de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf. De RES is opsteld yn gearwurking mei de provinsje. 

Opsterlân nimt ferantwurdlikheid en hat de ambysje om yn 2035 in enerzjyneutrale gemeente te wêzen. Dat betsjut dat yn 2035 yn Opsterlân krekt safolle duorsume enerzjy opwekt wurdt as ferbrûkt. 

De enerzjytransysje hat in grutte romtlike en sosjaal-maatskiplike ynfloed. It opwekken fan duorsume enerzjy mei bygelyks sinne en wyn is sichtber yn it lânskip. Wenningen moatte geskikt wêze foar it ferfangen fan ierdgas. Fierder is it fan belang dat der ynset wurdt op besparring en gedrachsferoaring.

A en B gearfette

  • De gemeente Opsterlân hat op basis fan it Klimaatakkoart fan Parys in ferantwurdlikheid op him nommen yn de enerzjytransysje. 
  • Wy wolle yn 2035 enerzjyneutraal wêze.

C. Hokker karren meitsje wy?

  • 1. Wy sette tegearre mei ús ynwenners yn op bewustwêzen en enerzjybesparring

  • Enerzjy dy't net brûkt wurdt, hoecht net opwekt te wurden. Wy sette om dy reden yn op in flinke besparring fan it enerzjyferbrûk. Besparring is foaral te berikken troch bewust omgean mei enerzjy, suiniger apparaten en it ferduorsumjen fan wenten. Dit freget in aktive rol fan ynwenners. Yn ferskate doarpen binne al inisjativen nommen. Dy wolle wy, yn oerlis, stypje, ferbine en fersterkje. 

  • 2. Wy fasilitearje en stimulearje lokale inisjativen
    Wy hawwe tegearre mei ynwenners in aktive rol by it ferduorsumjen fan de enerzjyproduksje yn en foar ús gemeente. Wy stypje lokale inisjativen. Wichtich útgongspunt is dat foar alle foarmen foar it opwekken fan duorsume enerzjy jildt dat der maatskiplik draachflak is. Doarpen en ynwenners moatte meidwaan kinne en profitearje fan de opbringsten. Wy sille by de netbehearders omtinken freegje foar it fergrutsjen fan de netkapasiteit foar lokale plannen.

  • 3. Wy beskikke oer in aktuele Transysjefyzje Waarmte en wurkje tegearre mei de doarpen útfieringsplannen út om ierdgas te besparjen en ôf te keppeljen
    Ierdgas moat yn 2050 ferfongen wêze troch in duorsum alternatyf. It is wichtich dat ús ynwenners witte hokker alternativen der foar ierdgas yn de gemeente beskikber binne en op hokker termyn ierdgas ferfongen wurdt. Yn de Transysjefyzje Waarmte is dat útwurke. Anno 2022 binne yn Opsterlân frijwol gjin kollektive alternativen foar it brûken fan ierdgas beskikber. In yndividuele oplossing per wenning of bedriuw, folslein elektrysk of hybride, bliuwt dan oer.

  • Dizze earste fisy set foaral yn op it motivearjen, gearwurkjen, fasilitearjen en kommunisearjen. Lokale inisjativen foar it ôfkeppeljen fan ierdgas wurde tegearre mei de doarpen útwurke yn útfieringsplannen. De ûntwikkelingen op it mêd fan duorsumens geane hurd. Wy aktualisearje dêrom geregeld de fisy. 

  • 4. Wy wurkje mei oan de Regionale Enerzjy Strategy
    Wy wurkje mei alle oerheden en de netbehearder yn de provinsje Fryslân oan de Regionale Enerzjy Strategy (RES). It wichtichste doel fan de RES is it opwekken fan duorsume enerzjy, mei soarchfâldige romtlike ynpas, maatskiplik draachflak en omtinken foar de nedige enerzjy-ynfrastruktuer. De fokus fan de RES leit op duorsume enerzjyfoarsjenning foar de beboude omjouwing. De RES wurdt geregeld aktualisearre.

  • 5. Wy sette yn op in duorsume enerzjyfoarsjenning 
    Op dit stuit leit de foarkar by it opwekken fan sinne-enerzjy. Pleatsing fan sinnefangers op dakken hat dêrby de foarkar. Foar de oanlis fan sinnefjilden binne lânskiplike ynpas en partisipaasje wichtich. Wy hawwe ús belied dêrfoar fêstlein yn it Sinneplan Opsterlân. Allinnich mei sinne kinne wy ús enerzjybehoefte net ynfolje. Ek oare opsjes kinne in wichtige bydrage leverje. Wy biede neist sinne, romte oan nije foarmen fan duorsume/fernijbere enerzjy as dy kânsryk binne en in bydrage leverje kinne foar it realisearjen fan ús doelstelling. Wy hâlde dêrby rekken mei de ynfloed fan de romtlike yngrepen op ús leefomjouwing. Wy geane dêrby op syk nei oplossingen foar goede ynpas yn it lânskip, mooglikheden ta ferbetterjen fan biodiversiteit en it foarkommen fan negative effekten op de sûnens. 

    De gemeente is aktyf belutsen by ûndersyk nei de mooglikheden foar duorsume opwek fan elektrisiteit en alternative waarmtefoarsjenningen en opslachmooglikheden op de langere termyn. Dit dogge wy bygelyks yn provinsjaal ferbân fia de Regionale Enerzjy Strategy en de Proeftún Ierdgasfrije Wiken en oare kennisnetwurken.

    Om de enerzjyfoarsjenning ek yn tiden sûnder sinne en by min of gjin wyn feilich te stellen of om it elektrisiteitsnetwurk te ûntlêsten by piken yn de enerzjyproduksje, is omtinken nedich foar opslach en it ôfstimmen fan fraach en oanbod. Wy slute om dy reden (kombinaasje)projekten fan (grutskalige) duorsume opwek fan enerzjy net út. Wy tinke dêrby oan enerzjyparken foar sinne, wyn, griengas, wetterstof of in kombinaasje dêrfan. Njonken in effisjint en ferantwurde gebrûk fan de enerzjy-ynfrastruktuer binne bykommende foardielen dat hjir ek eksperimintearre wurde kin mei opslach fan duorsume enerzjy en it kreëarjen fan opwek yn de direkte omjouwing dêr't it brûkt wurde kin. 

  • 6. Wy slute oan by projekten dy't duorsume mobiliteit befoarderje
    As alternatyf foar it brûken fan fossile brânstoffen foar de mobiliteit wurdt lanlik ynset op it elektrifisearjen fan wagenparken. Wy slute yn dit ferbân oan by in provinsjaal laadpealprojekt. 

D. Bestaande beliedskaders

  1. Transysjefyzje Waarmte 2021
  2. Regionale Enerzjy Strategy 1.0 (RES) 2021
  3. Utfieringsplan Enerzjytransysje 2019
  4. Sinnepan Opsterlân 2019

E. Aktuele projekten

  1. Proeftún Ierdgasfrije Wiken 
  2. Utfiering Transysjefyzje waarmte
  3. Utfiering Regionale Enerzjy Strategy
  4. Provinsjaal laadpealprojekt

Dizze opjefte draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Opjefte 4 - Nei lânbou mei takomst

Omjouwingsfyzje - Opjefte 5

 

A. Wat is de opjefte?

Opsterlân hat in oerwegend lanlik en agrarysk karakter. Yn haadstik 5 is beskreaun hokker wichtich oandiel de agraryske sektor hân hat en noch altyd hat by de ynrjochting fan it unike lânskip en it behâld fan natuerwearden en biodiversiteit. Ek is neamd fan hokker belang de agraryske sektor is foar leefberens yn doarpen en it bûtengebiet. De grûnbûne agraryske bedriuwsfiering, benammen de feehâlderij, is it meast prominint oanwêzich. Fanwegen it ferlies oan biodiversiteit yn Nederlân en it gegeven dat Nederlân him kommitearre hat oan it Klimaatakkoart fan Parys, stiet de agraryske sektor oan de foarjûn fan wichtige feroarings. 
Op dit stuit (2023) is de diskusje rûnom it stikstofdossier aktueel. Hjirby krijt natuerherstel en ferbettering fan de biodiversiteit ek dúdlik omtinken. Bygelyks troch maatregels om natuer te yntegrearjen mei te nimmen by planfoarming en wurksumheden. Dat jildt oerigens net allinnich foar de lânbou, mar ek by nijbou en renovaasje fan wenningen of bedriuwen en by oanlis- en ûnderhâldswurksumheden yn de (iepenbiere) romte. Sa wurdt in ekstra bydrage levere oan de ferbettering fan de biodiversiteit en it herstel fan natuerwearden. 

Natuerynklusive lânbou is in duorsume foarm fan lânbou, dy't biodiversiteit op en om it bedriuw hinne brûkt en beskermet. It produsearret iten binnen de grinzen fan natuer, miljeu en leefomjouwing. It is ekonomysk rendabel en hat maatskiplik draachflak. It giet dêrby om ferbettering fan biodiversiteit, fan boaiem- en wetterkwaliteit, fan leefberens en fan it (kultuer)lânskip. 
Foar in fitale en takomstbestindige ûntwikkeling fan it plattelân is it needsaaklik om de omslach te meitsjen nei in foarm fan lânbou dy't sawol ekologysk as ekonomysk duorsum is. Want de sektor hat ferlet fan in takomstperspektyf, wêrby't sicht is op in goed fertsjinmodel. Dizze omslach moat ek bydrage oan biodiversiteit, lânskip, dierenwolwêzen, sûne fieding en in breed maatskiplik draachflak hawwe. 

It agraryske lânskip en de sektor binne op de lange termyn sûn, libbensfetber, konkurrearjend en rendabel. Lânbou dy't grûnbûn en sirkulêr is, draacht hjir oan by.

Foar dielen fan de agraryske sektor sil it in enoarme útdaging wêze om dy omschakeling te meitsjen. Wy sjogge dat in tal bedriuwen hjir al grutte stappen yn set hawwe. Lanlik en dus ek yn Opsterlân sille de kommende jierren de nedige fragen beäntwurde wurde moatte, lykas: 

  1. Hoe kinne (grutte) lânboubedriuwen transformearje én rendabel bliuwe? 
  2. Hoe jouwe wy útwurking oan it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG), it Fryske Programma Lanlik Gebiet (FPLG) en de ferskate subdossiers dêrbinnen, lykas stikstof, feanweide, kaderrjochtline wetter (KRW) en boskestrategie. 

De provinsje stimulearret de lânbou sektor om de omslach te meitsjen nei in duorsume, natuerynklusive en grûnbûne lânbou. Binnen it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet wurde hjirfoar beliedslinen útset mei byhearrende budzjetten. De provinsje Fryslân stelt yn de provinsjale omjouwingsfyzje it útgongspunt dat de lânbou yn Fryslân yn 2025 sirkulêr, ekologysk en ekonomysk duorsum is.

B. Wat betsjut dat foar Opsterlân?

Troch skaalfergrutting yn de lêste desennia is it tal agraryske bedriuwen yn Opsterlân oanmerklik ôfnaam en is yn de lêste 10 jier de oerflakte lânbougrûn mei rom 11% ôfnaam (sjoch ûndersteande tabel). Dêrneist is in foarsichtige stiging te sjen fan it tal bedriuwen mei- en de oerflakte yn natuerlik gerslân. Hjirmei liket in foarsichtige stap set nei in duorsume en mear natuerlike lânbou.

Agraryske sektor yn Opsterlân

Tal bedriuwen 

Oerflakte yn hektaren (ôfrûne)

Jier

2000

2010

2021

2000

2010

2021

Lânboubedriuwen totaal

487

393

265

15.168

15.273

13.520

Feefokkerij

Gerslân

Bliuwend gerslân

469

376

254

13.402

11.156

9.584

Natuerlik gerslân

9

34

50

93

683

760

Tydlik gerslân

25

42

122

415

1.289

1.488

Grienfoddergewaaksen

151

168

140

1.131

1.866

1.587

Ikkerbou

Ikkerbougriente

0

1

1

0

12

0

Nôt

8

19

6

40

175

29

Túnkerij iepen grûn

Blombollen en -knollen

2

1

1

26

11

6

Túnbougriente

0

0

0

0

Boarne: CBS Statline

De ôfname fan biodiversiteit, boaiemdelgong en CO2-útstjit yn it Feanweidegebiet en it ûnderhâlden fan de lânskiplike kwaliteit meitsje in oanpaste bedriuwsfiering needsaaklik. Dêrby is foar agraryske bedriuwen de kontinuïteit fan de bedriuwsfiering fan belang. De Undernimmer wol fansels takomstperspektyf behâlde en bedriuwssekerheid.

Agraryske bedriuwen meitsje eigen karren yn bedriuwsfiering. Dat kin skaalfergrutting wêze, mar ek skaalferlytsing, biologysk, ekstensivering, ferbreding en ferdjipping. Natuerlike omstannichheden, lykas wetterpeilen en boaiemkwaliteit, wurde mear bepalend foar bedriuwsfiering. Ek meigebrûk fan agraryske grûn foar wetterberging en natuerbehear wurdt mear fan ynfloed. De lânbousektor sil as gefolch fan Europeesk en nasjonaal belied in feroaring ûndergean. De ferwachting is dat de sektor by dizze transysje genôch adaptatyf fermogen yn 'e mars hat.  

A en B gearfette

  • De lânbou stiet oan it begjin fan de transysje dy't sawol ekologysk as ekonomysk duorsum is.
  • Wy stypje dizze transysje nei natuerynklusive lânbou.
  • Wy ûnderskriuwe en stypje it lanlik en provinsjaal belied en dêr't ús foech leit, jouwe wy hjir útfiering oan.

C. Hokker karren meitsje wy?

1. Wy stimulearje natuerynklusive lânbou.
Tegearre mei de provinsje sette wy yn op natuerynklusive lânbou yn Opsterlân, dêr't dit kin. De wichtichste opjefte leit by bedriuwen yn of tichtby de Natura 2000-gebieten, yn it Feanweidegebiet en yn grûnwetterbeskermingsgebieten. 

  • Hjirby geane wy út fan it ferwevingsprinsipe, lânbou en natuer ferweve en net skiede. Troch op syk te gean nei oerienkomsten wêrby't beide systemen (lânbou en natuer) ta har rjocht komme.
  • Romtlike skaal fan it geargean fan lânbou en natuer moat yn oerlis mei de aktoaren bepaald wurde; persiel, bedriuw, gebiet, regio of grutter.

2. Wy fine it wichtich dat:

  • de kearn fan de lânbou is, dat dizze bedreaun wurdt as wurkjen oan en yn in libben ekosysteem; 
  • lânbou grûnbûn, sirkulêr en enerzjyneutraal wurdt;
  • lânbou bydraacht oan biodiversiteit, lânskip, bistewolwêzen en sûne fieding;
  • lânbou it miljeu net belestet;
  • lânbou maatskiplik draachflak hat;
  • lânbou duorsum ekonomysk rendabel is.

3. Wy dogge mei oan it Fryske Feanweideprogramma (2021-2030).
4. Dêr't mooglik wurdt maatwurk makke om de oergong nei in natuerynklusive lânbou te fasilitearjen. 
5. Wy slute oan by it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet.

D. Bestaande beliedskaders

  1. Bestimmingsplan Bûtengebiet gemeente Opsterlân (2014).
  2. Grutsk op ‘e Romte, Struktuerfisy Lânskip en Kultuerhistoarje (2013).
  3. Provinsjale Omjouwingsfisy POVI (2020)

E. Aktuele projekten

Feanweideprogramma 2021-2030; Foarút mei de Fryske Feangreiden.

Dizze opjefte draacht by oan de folgjende Sustainable

Goals (SDG’s)

Opjefte 5 - Fersterkjen natuerwearden en ferbetterjen biodiversiteit

Omjouwingsfisy - Opjefte 4

A. Wat is de opjefte?

De kwaliteit fan de Nederlânske natuer en dêrmei de biodiversiteit is jierrenlang efterútgien. Dat jildt ek foar Opsterlân. Dit proses keart foarsichtich, mar fan stevich herstel is noch gjin sprake. Planten- en bistesoarten ferdwine en ekosystemen reitsje fersteurd troch minsklik dwaan (konsumpsje, fersmoarging, klimaatferoaring, útputting fan natuerlike helpboarnen en natuergebieten). Dit kin liede ta problemen foar fiedselproduksje, drinkwetterfoarsjenning, boaiemfruchtberens, wetterberging, ôfkuolling. Natuerherstel en ferbettering fan de biodiversiteit binne fan grut belang.

B. Wat betsjut dat foar Opsterlân?

Wy koesterje it fariearre lânskip en de natuergebieten yn Opsterlân. De ôfname fan biodiversiteit giet lykwols om mear as allinnich it ferlies oan natuerwearden. It is in yndikaasje fan de kwaliteit fan ús totale leefomjouwing en it kin ek in neidielich effekt op ús sûnens en de belibbing dêrfan hawwe. Sa as de wissichheid fan genôch fiedsel en enerzjy, de kwetsberens foar natuerrampen, en de tagong ta skjin wetter en grûnstoffen. In biodiversiteit dy't yn lykwicht is, soarget foar in protte ekosysteemtsjinsten.

Biodiversiteit of biologyske ferskaat is de term dy't brûkt wurdt om de ôfwikseling fan libben yn in bepaald gebiet oan te tsjutten. “Bio” betsjut libben, “ferskaat” betsjut ôfwikseling of ferskaat. Biodiversiteit giet oer soarten bisten, planten, skimmels en mikro-organismen. Mar ek oer de enoarme genetyske fariaasje binnen dy soarten en de fariaasje oan ekosystemen dêr't se diel fan útmeitsje. Biodiversiteit mjit en jout in yndikaasje foar de sûnens fan in ekosysteem.

In griene en oantreklike leefomjouwing hat in positive ynfloed op ús geastlike sûnens. Dêrneist kin dat ek soargje foar beskerming tsjin de oanwêzigens fan pleagen, sa as de ikeproesesrûp.

A en B gearfette

  • De biodiversiteit nimt ôf. Dit liedt ta mear problemen as men him yn 'e regel realisearret. Wy meitsje ús sterk foar ferbettering fan biodiversiteit troch it befoarderjen fan natuerherstel en it stimulearjen fan in natuerynklusive mienskip. Binnen elk syn eigen mooglikheden wurdt derfoar soarge dat skea oan de natuer foarkommen wurdt en de mooglikheden fan de natuer benut wurde.

C. Hokker karren meitsje wy?

  1. Mei provinsje, Wetterskip, lânbou, natuerferienings, terreinbehearjende organisaasjes (tbo’s), lânskippen en oaren wurdt oan de opjefte wurke. Wy slute oan by de Aginda Biodiversiteit fan de provinsje Fryslân.
  2. Wy fersterkje de bewustwurding fan ynwenners (kommunikaasje, PR) en slute oan by de ynset op it bewust wurden fan de algemiene sûnens.
  3. Wy befoarderje natuerynklusyf ûntwerpen by nije ûntwikkelingen. Dit jildt foar sawol de gemeentlike organisaasje as foar inisjatyfnimmers.
  4. Wy geane út fan it ferwevingsprinsipe tusken lânbou en natuer (net njonkeninoar skieden, mar inoar oanfoljend). Troch op syk te gean nei oerienkomsten wêrby't beide systemen (lânbou en natuer) ta har rjocht komme.
  5. Wy fersterkje de ferbining tusken natuer en ekonomy. Wy ûndersykje de mooglikheden om ekonomyske ûntwikkelingen te ferbinen oan ynvestearjen yn natuer.

D. Bestaande beliedskaders

  1. Grutsk op ‘e Romte, Struktuerfisy Lânskip en Kultuerhistoarje (2013).
  2. Provinsjale Omjouwingsfisy POVI (2020)
  3. Nasjonale Omjouwingsfisy (NOVI) 2020

E. Aktuele projekten

Aginda Biodiversiteit fan de provinsje Fryslân

Dizze opjefte draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân