De omgevingsvisie is in yntegraal lange termyn fyzje foar de fysike leefomjouwing fan de gemeente Opsterlân. De fysike leefomjouwing is breder as allinnich de romtlike aspekten. De Omgevingswet neamt ferplichte aspekten dy't yntegraal weromkomme moatte yn in Omgevingsvisie. Dêryn sit bygelyks it gebrûk fan natuerlike helpboarnen, aktiviteiten wêrtroch't emisjes, hinder of risiko's feroarsake wurde en it neilitten fan aktiviteiten. Ek ûntwikkelingen op it mêd fan kultureel erfgoed, enerzjy-ynfrastruktuer, lânbou, lânskip, miljeu, natuer en wetter wurde meiwegen en beskreaun.
De omgevingsvisie moat ynhâldlik neffens de Wet yn elts gefal de folgjende eleminten befetsje:
- In beskriuwing fan de haadlinen fan de kwaliteit fan de fysike leefomjouwing: wêr bestiet de fysike leefomjouwing út en wat is de kwaliteit derfan?
- De haadlinen fan de foarnommen ûntwikkeling, gebrûk, behear, beskerming en behâld fan it grûngebiet: wat bart der/ sil der barre oan ûntwikkelingen en ynstânhâlding fan it grûngebiet?
- De haadsaken fan it foar de fysike leefomjouwing te fieren yntegraal belied: wat binne de nei te stribjen doelen en op hokker wize wurde dy berikt?
De Omgevingsvisie giet oer de folsleine breedte fan de fysike leefomjouwing sa't bedoeld is yn de Omgevingswet. De Omgevingsvisie is dus net in optelsom fan beliedsfyzjes foar de ferskate domeinen, mar in gearhingjende yntegraal fyzje foar de gemeente.
Dêrneist is de gemeentlike omgevingsvisie in ûnderdiel fan in grutter gehiel fan gearhingjende ynstruminten binnen de Omgevingswet. Kaders foar de fyzje binne:
- De Nasjonale Omgevingsvisie (NOVI). Hjiryn jout it Ryk in lange termyn fyzje op de takomstige ûntwikkeling fan de leefomjouwing yn Nederlân.
- De Omgevingsvisie Fryslân 2020 De romte diele (Provinsjale Omgevingsvisie (POVI))
- It Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG). Dit programma falt ûnder de NOVI en is in beliedsprogramma fan de ministearjes fan Lânbou Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV); fan Ynfrastruktuer en Wetter (IenW) en fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK). Yn dit programma geane sy tegearre mei provinsjes, wetterskippen, gemeenten en maatskiplike partners, grûneigners en grûnbrûkers op syk nei oplossingen per gebiet.
- Yn it Fryske Programma Lanlik Gebiet (FPLG) sil de provinsje Fryslân foar Fryslân ymplantaasje jaan oan it NPLG. Dat docht sy tegearre mei oare partijen, lykas boeren, natuerorganisaasjes, ûndernimmers, ynwenners en oerheden, lykas de gemeente Opsterlân.
- Fierder is bekend dat oare partijen ek in fisy opstelle sille, dy't relevant wêze kinne. It Wetterskip hat oankundige oan de slach te gean mei in Wetterfisy (Blauwe Omgevingsvisie BOVI).
Opsterlân hat yn 2015 de Omgevingsvisie Opsterlân 2015-2030 fêststeld. Feitlik giet it om in struktuerfisy (Wet romtlike oardering), wêryn't al safolle mooglik op de Omgevingswet is antisipearre. De basis fan dizze fisy is goed en der is foar keazen dizze te aktualisearjen. Foar de aktualisaasje hawwe wy gebrûk makke fan besteande beliedsstikken en nije ûntwikkelingen. En wy hawwe ferbetterpunten neamd ten opsichte fan de hjoeddeistige fisy. Dizze binne:
- Integraler (mear gearhing);
- kompleter (mei benammen mear ferbining mei sosjaal-maatskiplike fraachstikken);
- strategysk; dúdlike kaders stelle.
Dêrby hawwe wy gebrûk makke fan de yn De Fryske Oanpak (DFA) ûntwikkele matriks foar liedende tema's en opjeften. Dizze basis is passend makke foar Opsterlân. Dat hat laat ta de yn haadstik 3 en 4 útwurke ûnderwerpen. De teksten binne ta stân kommen ûnder oare troch yntegraal wurksesjes en petearen mei it gemeentebestjoer. Om't by de Omgevingsvisie 2015-2030 in útwreide partisipaasjetrajekt plakfûn hat en it besteande belied ek mei partisipaasje ta stân kommen is, is der by it opstellen fan de basistekst gjin útwreide partisipaasjeproses west. Wol is dizze earste konsepttekst brûkt as basis foar de yn maaie 2022 holden 'Wike fan de omgevingsvisie'.
Rol fan de Ried yn it proses
De gemeenteried is tidens meardere gearkomsten ynformearre oer de foarderingen fan de fisy. Ek hat sy tidens it proses oer ferskate ûnderwerpen en dilemma's it petear fierd. Oandachtspunten wiene ûnder mear hoe't de ried har rol ûnder de Omgevingswet ynfolje wol, hoe't partisipaasje foarm krije moat, hokker aspekten wichtich binne en wêr't prioriteiten lizze.