4. Utfiering en monitoring
Under de Omgevingswet kin de omjouwingsfisy op elk winske momint oanpast wurde. De fisy hat dus gjin fêste eindatum. Dat is oars as yn de hjoeddeistige Omjouwingsfisy 2015 - 2030, dy't yn it ramt fan de Wro yn 2015 fêststeld is. Der is romte om de fisy op elk momint – yn syn gehiel of op ûnderdielen – oan te passen as dat nedich of winske is. De gemeente is frij om hjiryn karren te meitsjen.

4.1 Boarging takomstige oanpassing en/of aktualisearring omjouwingsfisy
Yn algemiene sin jildt dat in fleksibele Omjouwingsfisy op haadlinen mear romte jout om te antisipearjen op maatskiplike feroarings as in detaillearre fisy. Om dy reden hat dizze Omjouwingsfisy in fleksibele ynstek.
De gemeente is dus frij yn it gehiel of foar in part wizigjen fan de fisy. Wat ús oanbelanget is wiziging oan de oarder, as hjir oanlieding ta is:
- Ut beliedssyklus wei
- Ut monitoring en evaluaasje wei
- By maatskiplike ûntwikkelingen
As de fisy yn striid is mei wizige regeljouwing fan oare oerheden (bygelyks dy fan it Ryk of de provinsje) is der gjin sprake fan kar. Oanpassing is needsaaklik en de fisy wurdt dan op dizze ûnderdielen oanpast. Yn sa'n gefal is partisipaasje net needsaaklik; de wiziging is oplein. Fansels is goede ynformaasjefoarsjenning en kommunikaasje dêrby wol fan belang.
Wy ferwachtsje dat it provinsjale gebietsplan foar stikstofreduksje in direkte oanlieding wêze sil om dizze omjouwingsfisy oan te passen.
