3. Wat binne ús útgongspunten? Fjouwer liedende tema’s

Op dizze side besteegje wy omtinken oan fjouwer liedende tema’s. Dizze brûke wy om by ûntwikkelingen in plus te realisearjen.
Hjirûnder wurkje wy fjouwer liedende tema’s fierder út. Fan alle fjouwer tema’s jouwe wy eltse kear:

  • Yn diel A in beskriuwing fan it tema;
  • Yn diel B de praktyske tapassing.
Omjouwingsfisy - tema's

Tema 1 - Wy binne grutsk op ús identiteit en ús erfgoed

Omjouwingsfisy tema's kultureel erfgoed

A. Wat hâldt dit tema yn?

Identiteit en erfgoed yn ien sike

Identiteit en erfgoed geane oer wat Opsterland sa eigen makket. Oer wat minsken mei it lânskip ferbynt en wat harren Opsterlanner fiele lit en hoe't wy dêr foarm oan jouwe.

Utwurking 

It sosjale en it fysike lânskip yn Opsterland is bysûnder en is troch de iuwen hinne mei foarmjûn troch minsken. It bepaalt mei de identiteit fan Opsterland en har ynwenners. Dy identiteit komt ta utering yn de lânskiplike en kultuerhistoaryske eleminten en struktueren en ek yn de bewenners, de skiednis en it karakter fan de doarpen. Us erfgoed bestiet net allinnich út ferkaveling, de lânsgoeden, ynfrastruktuer en archeologyske wearden, mar ek út tradysjes en kultuer. Om't de minske it lânskip foarmjûn hat, en it lânskip de minske. 

It lânskip fan Opsterland en hoe't it ûntstien is, is ferankere yn it DNA fan har bewenners. Wy wolle dit DNA, dizze identiteit, kenne en brûke, it is ommers wat ús ynwenners en mienskip ferbynt.

Erfgoed en identiteit ûntsteane sawol troch natuerlike prosessen as troch minsklike hannelingen. Op dy manier binne se behulpich by it meitsjen fan karren en de wize wêrop't wy mei ynwenners gearwurkje. It lânskip yn Opsterlân foarmet in rjochtingjaande mjitlat, in kompas, dêr't wy ús wurk by foarmjaan wolle. 

B. Hoe passe wy dit tema ta?

  1. Mei de Provinsje Fryslân hat de gemeente in ferdjippingsslach fan de Fryske Archeologyske Monuminten Kaart Ekstra (FAMKE) makke. As dizze nije FAMKE-kaart foar Opsterlân fêststeld is, jildt dizze ek as boustien foar it Opsterlânske omjouwingsplan (de ynstrumintale oersetting). Njonken de FAMKE-kaart wurkje wy de kommende jierren boppedat oan in gemeentlike kultuerhistoaryske weardekaart. Dizze jout mei rjochting oan romtlike ûntwikkelingen en dy sette wy ek oer nei it omjouwingsplan. Wy geane mei inisjatyfnimmers yn petear en freegje harren oan de slach te gean mei de beskreaune wearden en kwaliteit, sadat sy dizze ferwurkje yn harren plannen. Wy sille inisjativen dêr op beoardielje.

  2. Us gemeente hat altyd yn ûntwikkeling west. Opsterlân giet net op slot; wy geane út fan behâld en ûntwikkeling op basis fan soarchfâldige ôfwagings. Ek foar de takomst sille ûntwikkelingen nedich en winsklik wêze. Wol weagje wy soarchfâldich ôf oft in inisjatyf/yngreep past by ús identiteit en by it lânskip.

    Wy brûke ús erfgoed en ús identiteit as ynspiraasjeboarne foar nije plannen en wy sjogge soarchfâldich hoe't inisjativen dêrby passe. Untwikkelingen lykas de omfang fan bedriuwen yn de lânbou, de romtlike ynfloed fan de enerzjytransysje, de effekten en maatregels op it mêd fan klimaatadaptaasje en it op peil hâlden fan de leefberens hawwe allegear fiergeande ynfloed op it lânskip. Wy sjogge goede mooglikheden foar ynnovative oplossingen, mearfâldich romtegebrûk en ûnderlinge fersterking. De identiteit fan Opsterlân kin de behulpzame en ferbinende faktor wêze.

Dit tema draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Tema 2 - Wy bouwe oan brede wolfeart

Omjouwingsfisy tema's brede wolfeart

A. Wat hâldt dit tema yn?

Brede wolfeart yn ien sike

Brede wolfeart omfettet de folgjende fjouwer ambysjes dy't wy as gemeente formulearre hawwe yn de Untwikkelaginda ynklusive mienskip en de Previnsje-aginda: 

  1. elkenien docht mei
  2. elkenien kin him optimaal ûntwikkelje
  3. elkenien kin sa lang mooglik selsstannich wêze;
  4. en dêrom soargje wy foar in sûne en feilige leefomjouwing. 

Utwurking

De Fryske Paradoks: wat is dat? No, dat sit sa. Hoewol't it ynkommens- en opliedingsnivo it leechst fan Nederlân is, skoare de Friezen tige heech op de lokstermometer. 

Dizze paradoks makket dúdlik dat ekonomyske yndikatoaren net allesomfiemjend binne as it giet om it mjitten fan de wolfeart en it wolwêzen. Hieltyd faker wurdt ‘brede wolfeart’ dêrom sjoen as in oanfoljende mjitstêf. It doel dêrby is om te wurkjen oan ferheging fan de ‘libbenskwaliteit’, de wolfeart én it wolwêzen fan minsken en ferbettering fan de leefomjouwing. Ekonomyske groei is dêrby net it einddoel, mar ien fan de yndikatoaren om de brede wolfeart te fergrutsjen. 

It deistich libben spilet him foar in grut part op lokaal en regionaal nivo ôf. Yn Opsterlân dus yn en om de 16 doarpen. Wêr't minsken wenje, en wat de omjouwing (regio) te bieden hat oan bygelyks wurk en sosjale en ferskate maatskiplike foarsjennings, is dêrom fan grut belang. It skaalnivo fan de gemeente en har direkte omjouwing is dêrmei essinsjeel foar in belied rjochte op it ferbetterjen fan de brede wolfeart. De gemeente rjochtet him yn har (sosjale) belied dan ek yn it foarste plak op de ‘mienskip’. Yn de Untwikkelaginda Ynklusive Mienskip en yn de Previnsje-aginda hawwe wy dêrfoar fjouwer ambysjes formulearre. Dizze rjochtsje har op alderhande saken dy't sawol de wolfeart as it wolwêzen fan minsken befoarderje moatte. Tink oan wenjen, sûnens, leefberens, ûnderwiis, sosjale gearhing, persoanlike ûntjouwing en (ûn)feiligens. 

Wolfeart is foar ús dus mear as it hawwen fan ‘ynkommen en in dak boppe de holle’. As wy it begryp brede wolfeart oersette nei ús gemeente, giet it ek om saken as sûnens, leefberens, ûnderwiis, sosjale gearhing, persoanlike ûntjouwing en feiligens.

Troch it CBS wurdt brede wolfeart peile en metten oan de hân fan acht yndikatoaren. Foar it tapassen fan dit tema hantearje wy deselde yndikatoaren. Wol is it sa dat net alle acht direkt de fysike leefomjouwing reitsje. (Dit jildt foar BBP de ynwenner en Materiële wolfeart en wolwêzen) Ek wurdt in tal fan de yndikatoaren yn de foarm fan in opjefte earne oars yn dizze Omjouwingsfisy beskreaun. Konkreet giet it dêrby om de yndikatoaren wenjen en wurkjen & learen. Wy beheine ús op dit plak ta de yndikatoaren ‘sûnens’, ‘mienskip’ en ‘feiligens’. De earste twa wurde yn ús Previnsje-aginda yntegraal benadere fanút in fisy oer positive sûnens.

Yndikatoaren brede wolfeart
1.    BBP de ynwenner
2.    Materiële wolfeart en wolwêzen
3.    Sûnens 
4.    Miljeu
5.    Mienskip
6.    Feiligens
7.    Wurkjen en learen
8.    Wenjen

Boarne: CBS

Positive sûnens

Yn de Previnsje-aginda benaderje wy sûnens benammen as de mooglikheid dy't ús ynwenners hawwe om sels mooglik regy te hâlden op harren eigen selsstannigens, ûntwikkeling en partisipaasje oan de mienskip. Dêrby nimme wy it fitale doarp as útgongspunt. In fitaal doarp biedt foar ynwenners ferskate oanfierspunten om sawol fysyk, mentaal as sosjaal-emosjoneel sûn te bliuwen. Dêrby spilet ek de ynrjochting fan de leefomjouwing in rol. 

Der is in sterke relaasje tusken omjouwing, libbensgewoanten en sûnens. Dat makket dat omtinken foar sûnens in klamrike rol hat yn ús Omjouwingsfisy. In goede sûnens smyt nammentlik in soad op, sa beskriuwt it Frysk Sosjaal Planburo. Minsken hawwe oer it generaal in bettere libbenskwaliteit en dogge minder berop op soarch as sy sûn binne.

In sûne leefomjouwing is in leefomjouwing dy't as noflik ûnderfûn wurdt, dy't útnûget ta sûn gedrach en dêr't de druk op sûnens sa leech mooglik is. Tink hjirby oan skjin wetter, skjinne boaiem, skjinne lucht, feilich, grien, mooglikheden om yn te bewegen/rekreëarjen/ûntspannen, sûn iten en in sûn klimaat yn gebouwen. Wy stribje der dêrom ek nei dat de leefomjouwing sa ynrjochte wurdt dat in aktive libbensstyl stimulearre wurdt en aktyf ferfier de maklike kar is.

Feiligens

Feiligens is (krekt as bygelyks sûnens en duorsumens) in breed begryp, dêr't meardere omtinkensgebieten ûnder falle. Feiligens giet oer de fraach hoe't wy de risiko's, dy't minsken yn harren fysike leefomjouwing rinne, safolle mooglik beheine kinne. 

Wy wolle in feilige fysike leefomjouwing biede oan ús ynwenners en besikers. Foar de ynrjochting fan de omjouwing binne in protte partijen belutsen, wêrûnder de feilichheidsregio en omjouwingsdienst. Yn it omjouwingsplan wurdt de keppeling makke mei it regionaal risikoprofyl en de risiko's yn ús gemeente. Yn it omjouwingsplan wurdt de feilige fysike leefomjouwing fierder útwurke.
It giet dêrby om: opslach, produksje, gebrûk en ferfier fan gefaarlike stoffen (eksterne feilichheid);

  • feilichheid by eveneminten;
  • effekten fan klimaatferoaring: heech wetter, (natuer)brannen;
  • risiko's by nije foarmen fan enerzjy;
  • ferkearsfeilichheid;
  • sosjale feilichheid.

B. Hoe passe wy dit tema ta?

  1. Yn it belang fan ús ynwenners wolle wy dat de gemeente Opsterlân in sûne leefomjouwing hat. Wy wolle dêrom dat de ûnderfûne sûnens fan ús ynwenners gelyk bliuwt of ferbetteret. 
  2. Wy befoarderje de sûnens fan ús ynwenners. Dat dogge wy troch it stimulearjen fan sport en beweging en ek troch aktive promoasje fan de reekfrije generaasje.
  3. Wy wolle dat elk bern tagong hat ta in feilich boarterplak;
  4. Wy yntegrearje beweging en fieding yn de fysike leefomjouwing. Dit betsjut konkreet dat wy by wurksumheden yn de iepenbiere romte kânsen gripe om te wurkjen oan in leefomjouwing dy't útnûget ta in sûne libbensstyl. 

Wat feiligens oanbelanget folje wy it liedende tema ‘wy bouwe oan brede wolfeart’ as folget yn:

  1. Wy wolle in feilige fysike leefomjouwing biede oan ynwenners en besikers. Yn gearwurking mei de feilichheidsregio, omjouwingsdienst en oare partners drage wy dêrom soarch foar in romtlik oarderingproses wêryn't yn in betiid stadium, fanôf de earste inisjativen, feilichheidsaspekten meiwegen wurde. 
  2. De karren dy't makke wurde foar ynrjochting en it gebrûk fan ús gebiet hawwe ynfloed op de mate wêryn't minsken bleatsteld wurde oan de effekten fan ûngemakken en rampen en it risiko dat sy hjirby rinne. Hoewol't absolute feiligens nea helber is, fine wy it wichtich dat der in transparante ôfwaging makke wurdt tusken feiligens en oare maatskiplike belangen. Foar safier mooglik wurde risikoboarnen en –ûntfangers dêrom sa folle mooglik fan elkoar skieden. 
  3. Yn it proses fanôf de karren foar de ynrjochting fan in gebiet oant en mei de realisaasje fan bouwurken en it gebrûk hjirfan, binne feilichheidsaspekten kontinu in tema. Hjirby is eksplisyt omtinken foar sawol it foarkommen en beheinen fan feilichheidsrisiko’s as it bestriden fan brannen, rampen en de selsredsumens fan minsken dy't oan dizze feilichheidsrisiko’s bleatsteld binne. Dêrby beskôgje wy fysike feilichheidstema’s as natuerbrannen, heechwetter, eksterne feiligens (of gebrûk, opslach en ferfier fan gefaarlike stoffen), útfallen fan fitale ynfrastruktuer (elektrisiteit, telekommunikaasje en ICT), eveneminten, bluswetterfoarsjenningen en berikberens foar helptsjinsten. 
  4. De risiko’s as gefolch fan natuerbrannen, heechwetter (mede fanwege de relaasje mei klimaatferoaring) en ferkearsfeiligens wurde troch ús oanmerkt as prioritaire risiko’s. Yn gearwurking mei de feilichheidsregio en oare partners wolle wy dizze risiko’s safolle mooglik beheine.

Dit tema draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Tema 3 - Wy ferbetterje de omjouwingskwaliteit

Omjouwingsfisy tema's omjouwingskwaliteit

A. Wat hâldt dit tema yn?

Omjouwingskwaliteit yn ien azem

Omjouwingskwaliteit is de optelsom fan romtlike kwaliteit, ekologyske en miljeukwaliteit en omjouwingswurdearring.

Utwurking 

By de ynwurkingtreding fan de Omgevingswet bewege wy fan ‘romtlike kwaliteit’ nei ‘omjouwingskwaliteit’. By omjouwingskwaliteit stiet de wurdearring fan de omjouwing op in spesifyk plak en in spesifyk momint sintraal. Jo kinne it ek beneame as gebietskwaliteit.

It begryp omjouwingskwaliteit tsjutte wy hjirûnder oan oan de hân fan romtlike kwaliteit, ekologyske en miljeukwaliteit en omjouwingswurdearring. 

Romtlike kwaliteit

In trijetal basisprinsipes foarmje tegearre it begryp Romtlike Kwaliteit. Dat binne de gebrûkswurdearring, belibbingswurdearring en takomstwurdearring fan de romte wêryn't wy wenje, wurkje en rekreëarje.

Romtlike kwaliteit seit wat oer it feit oft (iepenbiere) romte goed te brûken is, oft it der noflik ferbliuwen is en oft dat sa bliuwt. In passende romtlike kwaliteit foarkomt in negative spiraal fan ferpaupering, leechstân en kriminaliteit en hat dus (op termyn) ek in soad ynfloed op de leefberens fan wiken en doarpen. Dêrneist wurdt de leefberens beynfloede troch de sosjale feiligens en de oanwêzigens fan foarsjenningen en is dêrmei fan ynfloed op de ûnderfûne sûnens fan ús ynwenners.

Ekologyske en Miljeukwaliteit

Under dit begryp falle de aspekten lykas lûd, geur, ljocht, tsjuster, stof en de kwaliteit fan boaiem, grûn- en oerflaktewetter en lucht. Foar no nimme wy de wetlike miljeunoarmen as basis. Hoewol't de Omgevingswet romte biedt om gebiets- en temagerjochte eigen noarmen te hantearjen, is dêr op dit stuit gjin oanlieding foar. 

Ek hâlde wy rekken mei de miljeubegjinsels út it Ferdrach betreffende de wurking fan de Europeeske Uny (VwEU).

  1. It foarsoarchbegjinsel. Dit betsjut dat wy aktiviteiten foarkomme dêr't wy fan ferwachtsje dat se negatyf binne foar it miljeu. 
  2. It begjinsel fan preventyf hanneljen. Wy besykje miljeufersmoarging safolle mooglik te foarkommen. Dit betsjut dat wy fan tefoaren maatregels nimme om in negatyf gefolch fan in aktiviteit te foarkommen. Tink oan de ynset fan de bêste techniken sadat der gjin loftfersmoarging ûntstiet. 
  3. It begjinsel fan bestriding oan de boarne. Dit betsjut dat wy by in negatyf gefolch as earste sjogge oft der wat by of yn de direkte omjouwing fan de aktiviteit sels feroare wurde kin. Bygelyks troch smoarge lucht ôf te fangen of troch lûddempende maatregels by it bedriuw sels ta te passen. 
  4. It begjinsel de fersmoarger betellet. Dit betsjut dat dejinge dy't de aktiviteit útfiert ek betelje moat foar it foarkommen of opromjen fan de negative gefolgen. Dat is bygelyks it opromjen fan fersmoarging of it oanlizzen fan in wâl dy't it lûd keart by in wenwyk

Omjouwingswurdearring

Omjouwingswurdearring giet oer de manier wêrop minsken harren omjouwing belibje en hokker wearde se dêroan keppelje. De wurdearring fan in plak wurdt troch in protte ferskillende aspekten bepaald. De ekonomyske, sosjale en ekologyske skaaimerken fan in plak binne foarbylden fan aspekten dy't bydrage oan de wurdearring fan in plak. Dit kin per situaasje ferskille en yn de rin fan de tiid feroarje. 

B. Hoe passe wy dit tema ta?

De Omjouwingsfisy is it dokumint om de ambysjes op it mêd fan omjouwingskwaliteit te ferdúdlikjen. De útwurking fan dy ambysjes kin dêrnei plakfine yn it te ûntwikkeljen Omjouwingsplan en/of -programma. Ynisjatyfnimmers moatte útdage wurde in bydrage te leverjen oan de omjouwingskwaliteit. 

Op basis dêrfan wurkje wy dit liedende tema as folget út:

  1. It konsept fan oarderjen, plannen, ûntwerpen, programmearjen op einddoelen en it dêrop toetsen efterôf sille wy feroarje. Ynstee dêrfan sette wy yn op in proses fan ynspiraasje foarôfgeand oan de realisaasje fan in inisjatyf om de omjouwingskwaliteit ferbetterje te kinnen. Dit betsjut dat der fan de start fan in planfoarmingsproses ôf omtinken wêze moat foar arsjitektuer, kultuerhistoarje, lânskip, iepenbiere romte en natuerwearden. Wy freegje oan inisjatyfnimmers om fan tefoaren te analysearjen wat de oanwêzige romtlike kwaliteiten binne fan it (te ûntwikkeljen) gebiet of lokaasje. Wy dogge dat út de folgjende twa fragen wei: hokker wearden kinne by de ûntwikkeling behâlden bliuwe en hokker wearden ferdwine der?
  2. Hokker (nije) wearden kinne ûntwikkele wurde? Us rol sil dêrby ferskowe fan stjoerend nei regissearjend en/of advisearjend/ûndersteunend (yn in aktive dialooch mei mienskip/omjouwing). De inisjatyfnimmer fan in romtlike yngreep of ûntwikkeling moat de omjouwing aktyf en op in betsjuttingsfolle manier belûke yn it foarmingsproses fan in inisjatyf. Dit mei it each op it safolle mooglik keppeljen fan belangen dy't bûten dy yngreep of ûntwikkeling lizze oan it inisjatyf. 
  3. By elke ûntwikkeling stribje wy nei it behâlden of ferbetterjen fan de romtlike kwaliteit. Dit betsjut dat: a. de romtlike yngreep rjochte wêze moat op in duorsume ûntwikkeling fan dy omjouwing [Takomstwearde] b. der omtinken wêze moat foar saken as in slimme lokaasjekar en in goede berikberheid [Gebrûkswearde] c. wy romtlike yngrepen beoardielje op de fisuele kwaliteit. It giet dêrby om de estetyk, it oansjen, de belibbingswearde en de byldkwaliteit [Belibbingswearde]
  4. Fia ús bestimmingsplannen regele wy op basis fan de Wet romtlike oardering in romtlike skieding tusken bygelyks wenningen en miljeubelestende aktiviteiten. Ta beskerming fan ús ynwenners tsjin hinder en oerlêst. Sokke beskermjende regels wurde opnommen yn it omjouwingsplan.
  5. Omjouwingskwaliteit realisearje is maatwurk leverje, sawol fysyk as sosjaal. In goede omjouwingskwaliteit ûntstiet as private en publike ambysjes elkoar earne moetsje. Wy sille ús as gemeente ynsette om in goed gearwurkingsproses te realisearjen. 

Dit tema draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Tema 4 - Wy befoarderje duorsum romtegebrûk

Omjouwingsfisy tema's duorsum romtegebrûk

A. Wat hâldt dit tema yn?

Duorsum romtegebrûk yn ien sike

Duorsum romtegebrûk is in foarm fan romtegebrûk wêrby't stribbe wurdt nei in sosjaal, ekonomysk en ekologysk akseptearre leefomjouwing en it sadanich brûken dêrfan troch de hjoeddeistige generaasje dat de mooglikheden fan de takomstige generaasjes net beheind wurde.

Utwurking 

De kombinaasje fan in goed wenklimaat, goede en genôch wurkgelegenheid en goede foarsjennings, makket Opsterlân in oantreklike gemeente. Om de gemeente ek foar takomstige generaasjes oantreklik te hâlden, is fysike romte nedich foar wenningbou, grien, natuer, wetter, bedriuwigens, tsjinstferliening en rekreaasje. Tagelyk komt der in soad op de gemeente ôf. Opjeften op it mêd fan bygelyks klimaat en enerzjy freegje útdruklik fysike romte, ek yn ús gemeente. Dizze ûntwikkelingen sille de frije romte binnen de gemeentegrinzen (op termyn) beheine. In feroaring yn ús benadering fan de fysike leefomjouwing is dêrom winsklik.

B. Hoe passe wy dit tema ta?

1. Wy stribje nei duorsum, ferantwurde en mearfâldich romtegebrûk. Dat begjint al yn it proses fan lokaasjekar, ynrjochting en ûnderbouwing. Wy sjogge nei de folgjende aspekten:

a. De demografyske ûntwikkeling. Lânlike trends, lykas fergrizing en in taname fan húshâldens, binne yn Opsterlân ek jildich. Wy nimme demografyske ûntwikkelingen yn acht by it ûnderbouwen en beoardieljen fan projekten;

b. De maatskiplike ferlet is in wichtich kritearium;

c. Mooglikheden foar tydlik romtegebrûk.

d. Wy sette yn op wergebrûk en dêrmei brûke wy al wat der is. Karakteristike bebouwing lykas pleatsen yn it bûtengebiet kinne foar in oare funksje brûkt wurde as it boerebedriuw ophâldt. Funksjeferoaring kin der ek foar soargje dat kenmerkende bebouwing binnen de doarpen behâlden bliuwt. Sa wurdt leechstân foarkommen en bebouwing behâlden.

e. Mooglikheden om meardere funksjes op ien lokaasje te kombinearjen. Yn stee fan it optimalisearjen fan de hoemannichte bebouwing (kwantiteit) kieze wy foar mearfâldich romtegebrûk en de kwaliteit fan de beskikbere romte. Op in goed trochtochte wize wolle wy komme ta it mingjen fan funksjes. Inkele foarbylden kinne dat yllustrearje: 

  • i.    By de werynrjochting fan in wei wize wy de romte net ‘automatysk’ ta oan dykbrûkers. Wy sjogge by de oanlis en ynfolling fan bermen ek nei mooglikheden om hjittestress en wetteroerlêst tsjin te gean en de biodiversiteit te ferheegjen. En wy meitsje gebrûk fan ûnderhâldsarme materialen. 
  • ii.    Klimaatferoaring freget om mear romte foar grien en (iepen) wetter om de gefolgen fan swiere rein en drûchte opfange te kinnen en om koelte te bringen. In fariearre oanbod fan grien en wetter draacht lykwols ek by oan in oantreklike wen- en wurkomjouwing, is noflik om yn te ferbliuwen en útnoegjend foar in sûne libbensstyl, sawol foar bewenners as foar besikers.
  • iii.    By de (wer)ynrjochting fan de iepenbiere romte sjogge wy net allinnich nei maatregels op it mêd fan klimaatadaptaasje, mar ek nei mooglikheden om sûnens en moeting te stimulearjen. 
  • iv.    By projekten yn de beboude omjouwing sette wy yn op it kombinearjen fan funksjes. 

2. Duorsum romtegebrûk giet ek oer in leefomjouwing dy't ekologysk yn balâns is. Wy wolle dat takomstige generaasjes fan minimaal deselde ekologyske wearden genietsje kinne as de hjoeddeistige generaasje. Wy sette dêrom yn op mear en ferskaat grien. Dit betsjut mear beplanting, mear plantsoenen en mear beammen. Dit draacht by oan it fergrutsjen fan de biodiversiteit.

Dit tema draacht by oan de folgjende Sustainable Development Goals (SDG’s)

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Omjouwingsfisy Sinnefjild Nij Beets