Bliekersliening konsumptief en fersulverliening
Komfortabel, duorsum en feilich wenjen. Soms moatte jo jo wenning dêrfoar oanpasse. Tink bygelyks oan in treplift of sinnepanielen. Fia de gemeente kinne jo hjirfoar jild krije yn de foarm fan dizze twa lieningen: de Bliuwersliening konsumptief of in Fersulverliening. Mei beide lieningen kinne jo jo hûs duorsumer, libbensrinbestindiger en/of asbestfrij meitsje. Beide lieningen hawwe geunstige finansjele betingsten, lykas in lege, fêste rinte.
Betingsten Bliuwersliening konsumptief
Hjirûnder steane de wichtichste betingsten. De folsleine betingsten fine jo yn de feroardering en de beliedsregels.
- Minimum lienbedrach € 2.500,-;
- Maksimum lienbedrach € 10.000,-;
- De rintiid bedraacht maksimaal 10 jier;
- Hawwe jo in partner? Dan moat jo partner ek oan de betingsten foldwaan;
- Jo kinne gjin liening krije foar oanpassingen dy't al útfierd binne of al útfierd wurde;
- De Bliuwersliening konsumptief kin net brûkt wurde om in fan gas ôfhinklike (ferwaarmings- of kook)ynstallaasje te finansieren.
- Fan it liende bedrach moat minimaal 50% brûkt wurde foar foarsjenningen dy't de libbensrinbestindigens fan de wenning fergrutsje. De oare 50% mei foar enerzjybesparjende maatregels of asbestferwidering brûkt wurde.
Betingsten Fersulverliening
LET OP: der is op dit stuit noch beheind budzjet beskikber foar de Fersulverliening!
Hjirûnder steane de wichtichste betingsten. De folsleine betingsten fine jo yn de feroardering en de beliedsregels.
- Minimum lienbedrach € 2.500,-;
- Maksimum lienbedrach € 40.000,-;
- De rintiid bedraacht 75 jier;
- De rintefêste perioade bedraacht 40 jier;
- Net tastien foar hierders fan in wenning;
- De minimale leeftyd is 10 jier foar de wetlike AOW-leeftyd en hat gjin maksimum leeftyd
Foarbyld 1 (2025): jo binne berne op 20 jannewaris 1968. Jo ferwachte AOW-leeftyd is 67 + 6 moannen. Fan 20-7-2035 ôf kinne jo AOW krije. Jo komme fan 20-7-2025 ôf yn oanmerking foar de Fersulverliening.
Foarbyld 2 (2025): jo binne berne op 20 maaie 1994. Jo ferwachte AOW-leeftyd is 69 + 6 moannen. Fan 20-11-2063 ôf kinne jo AOW krije. Jo komme net yn oanmerking foar de Fersulverliening.
- De WOZ-wearde fan de wenning bedraacht maksimaal € 514.500,- (peildatum 01-01-2024);
- Hawwe jo in partner? Dan moat hy/sy ek oan de betingsten foldwaan;
- Jo kinne gjin liening krije foar oanpassingen dy't al útfierd binne of al útfierd wurde;
- De Fersulverliening kin net brûkt wurde foar it finansieren fan (kook- of ferwaarmings-) ynstallaasjes dy't ôfhinklik binne fan in gasoansluting;
- De Fersulverliening ferheget jo moanlikse lêsten net en is net ynkommensôfhinklik;
- De Fersulverliening is in hypoteekliening, hjir binne ôfslutingskosten oan ferbûn;
- As jo in Fersulverliening hawwe, kinne jo dêrnei dreger noch in ekstra hypoteek ôfslute.
Oanfraach
Daliks regelje
Wolle jo in Bliuwersliening konsumptief of Fersulverliening oanfreegje? Folje dan it formulier 'Oanfraach Bliuwersliening konsumptief' of 'Oanfraach Fersulverliening' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in liening. Hâld der rekken mei dat it in pear wiken duorje kin foardat jo de liening tawiisd krije.
Kosten
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen?
Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
Of sjoch foar mear ynformaasje oer de Bliuwersliening konsumptief of Fersulverliening op www.svn.nl. Hawwe jo ideeën nedich wêrfoar't jo de lieningen miskien brûke kinne? Sjoch dan op www.mijnhuisopmaat.nl of www.duurzaambouwloket.nl.

