Melding dwaan
De iepenbiere romte bestiet út plakken dy't foar elkenien tagonklik binne. Tink oan pleinen, wegen, parken of boarterstunen. Dy iepenbiere romte wolle wy skjin, hiel en feilich hâlde. Tegearre kinne wy ús gemeente leefber hâlde.
Is der wat mis mei de iepenbiere romte?
Falt jo wat op yn de iepenbiere romte? Bygelyks in losse stoeptegel, yllegale ôffaldumping, fernieling fan in boarterstastel of in gefaarlike situaasje troch gemeentlike beammen bygelyks omwaaid of tûken op 'e wei? Meld it!

Hoe wurket it?
Sjoch earst op de kaart oft jo melding al troch immen oars dien is. Is dat net sa? Klik dan op ‘Nije melding’ om jo melding te dwaan. Jo kinne jo melding anonym dwaan of jo gegevens efterlitte. Jo wurde dan op de hichte holden fan de fuortgong fan jo melding. Hânthaveningssaken kinne net anonym dien wurde en wurde fanwege privacy net op de kaart toand.
Doch jo melding fia de BuitenBeter-app!
De fergese BuitenBeter-app is beskikber foar Android en iOS. Jo kinne de app downloade fia de Apple Store of Google Playstore. Jo melde jo ién kear oan as ynwenner fan de gemeente Opsterlân. Dêrnei kinne jo hiel ienfâldich meldingen trochjaan. De app liedt jo troch it menu. De smartphone foeget de lokaasje ta. Ek in foto is sa derby dien. De melding komt direkt by ús bûtentsjinst telâne en wurdt dan yn behanneling nommen. As jo jo gegevens efterlitte, wurde jo op de hichte holden fan de ôfhanneling fan jo melding.

Útgongspunten ûnderhâld iepenbiere romte
Binne jo nijsgjirrich nei wat ús útgongspunten binne foar it ûnderhâlden fan de iepenbiere romte? Sjoch dan ris yn ús Byldkwaliteitsplan Behear Iepenbiere Romte (PDF).
Kontakt melding dwaan
Hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje oer in melding dwaan?
