Algemiene ûntheffing slutingstiden âld & nij
Dit jier falt âldjiersjûn op in tongersdei en freed. De boargemaster hat besletten dat yn 'e nacht fan 'e jierwikseling kroegen, kafees, mienskipsintra en doarpshûzen oant 6.00 oere moarns iepen bliuwe meie.
Oare hoarekabedriuwen
Foar kafetaria's, snackbars, lunchrooms en soksoarte besteane gjin ekstra regels foar âldjiersnacht. Dit betsjut dat foar harren de normale slutingstiden jilde.
Evenemintefergunning nedich?
Wolle jo ekstra festiviteiten organisearje op âldjiersnacht? Dan moat hjir heechstwierskynlik in evenemintefergunning foar oanfrege wurde. Evenemintefergunning | Gemeente Opsterlân
