Algemiene ûntheffing slutingstiden âld & nij
Dit jier falt âld en nij op woansdei en tongersdei. De boargemaster hat besletten dat yn de nacht fan de jierwiksel de kroegen, kafees, MFC's en doarpshuzen oant 06.00 oere iepen wêze meie.
Oare hoarekabedriuwen
Foar kafetaria's, snackbars, lunchrooms en soksoarte besteane gjin ekstra regels foar âldjiersnacht. Dit betsjut dat foar harren de normale slutingstiden jilde.
Evenemintefergunning nedich?
Wolle jo ekstra festiviteiten organisearje op âldjiersnacht? Dan moat hjir heechstwierskynlik in evenemintefergunning foar oanfrege wurde. Evenemintefergunning | Gemeente Opsterlân
