De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

Archeology

Archeology (Grieks: αρχαιος – âld, út âlde tiden, λόγος – lear, kennis) of Aldheidkunde giet oer it bestudearjen fan minsklik hanneljen yn it ferline oan de hân fan de materiële objekten en spoaren dy't minsken by of nei harren hanneljen yn de boaiem efterlieten. Dit gehiel fan objekten en spoaren wurdt it archeologysk erfgoed neamd. De praktyske kant bestiet út fjildwurk en fynstferwurkingen, de teoretyske kant út analysearjen en ynterpretearjen mei as mienskiplik doel it fertellen fan it ferhaal oer it ferline.

Gemeente Opsterlân mei har beekdal 't Keningsdjip fertsjintwurdiget út archeologysk eachpunt wei in bysûnder gebiet. Tal fan fynsten wize op de oanwêzigens fan alderhande kultueren dy't hjir yn in fier ferline libbe hawwe. Tink dêrby oan de jagers-samlers, dy't har hjir ophâlden hawwe oan de ouwers fan it Keningsdjip. Regelmjittich late dit ta nije wittenskiplike ynsichten: ‘ús’ 115.000 jier âlde fûstbile fan Wynjewâld toande foar it earst oan dat der Neanderthalers yn Noard-Nederlân oanwêzich west hawwe, it 13.000 jier âlde fynplak fan Oerterp krige lanlike bekendheid as grutste fynplak en de fûne ark fan de 12.000 jier âlde Creswellkultuer lieten ús sjen dat dizze kultuer, dy't meast yn Ingelân sjoen wurdt, ek hiel fier eastlik spoaren efterlitten hie, wat ynsjoch jout yn migraasjepatroanen. Resint is dêr noch in nij haadstik oan tafoege mei in fynst út de 9.500 jier âlde Ahrensburgkultuer, dy't wy oant no ta benammen kenne út súdlik Nederlân.

Sûnt de Wet op de archeologyske monumintesoarch (Wamz) binne gemeenten foar in grut part ferantwurdlik foar it behâld fan harren weardefolle boaiemargyf. Taken en foech op it mêd fan archeologyske monumintesoarch binne doe desintralisearre nei gemeentlik nivo. Wetlike taken fan de gemeente binne ûnder oare om it boaiemargyf adekwaat te beskermjen en aktuele ynformaasje te jaan oan inisjatyfnimmers by bygelyks it oanfreegjen fan fergunningen. 

Fûstbile fan Wynjewâld. Frans de Vries, ToanByld fotografy

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed