It is safier. Dêr sitte jo, klear om yn de echt ferbûn te wurden! In plechtich momint dat jo in libben lang bybliuwt. In momint dêr't jo jo leafde foar elkoar offisjeel fêstlizze, yn it bywêzen fan dierberen. Ik draach graach in stientsje by oan dizze ûnferjitlike dei.

Myn namme is Arend Waninge. Ik wenje yn Terwispel en bin goed tritich jier lyn ek troud yn it steatlike Lycklamahûs yn Beetsterzwaag. In dei dy't ik my noch goed tebinnenbringe kin.

Ferhalen fertelle is myn passy. Dat doch ik op in protte manieren. Ik bin al 25 jier yn de regio aktyf as sjoernalist, wie mei-oprjochter en haadredakteur fan de Sa! Njonken ferhalen fertelle op papier en online, presintearje ik ek geregeld in konsert of in gearkomste, lied ik in diskusje of bin ik sprekker op in útfeart. 

Ik genietsje derfan om it ferhaal dat minsken fertelle wolle moai ûnder wurden te bringen of om it libben en de driuwfearren fan immen te sketsen. Hjir in wurdsje mear, dêr in wurdsje minder. Oant de komposysje fan taal klear is. As sprekker mei ik graach in bytsje (subtile) humor tafoegje, dat makket it lekker ûntspannen. En… it kin yn it Nederlânsk, mar wis ek yn it Frysk.

In trouwerij is in offisjeel, in feestlik, mar foaral jo momint. Ik doch graach mei!

Trouamtner Arend Waninge

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Houlik inoar fêsthâlde