Trouamtners
De bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân (BABS) foltrekket it houlik of registrearre partnerskip.

Us trouamtners stelle harren graach oan jo foar!
Jo kinne sawat trije wiken fan tefoaren by it Publykssintrum freegje hokker amtner it houlik of it registrearre partnerskip foltrekket.
Hawwe jimme it leafst in bepaalde amtner? Jou dit by ús oan, dan hâlde wy hjir safolle mooglik rekken mei. De trouamtner nimt kontakt mei jimme op om kennis te meitsjen en jimme winsken foar de taspraak troch te praten.
Meitsje in ôfspraak
Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, en dêrby sels de dei en it tiidstip bepale.







