Ingrid Weening - Meestringa
De moaiste dei yn jim libben…dat is foar in soad minsken de dei dat se trouwe. En wat is it moai om dêroan in bydrage leverje te meien! Ik fyn it hiel bysûnder as minsken iepenlik foar elkoar kieze, nettsjinsteande harren eftergrûn of seksuele oriïntaasje. En it fielt foar my as in grut foarrjocht dat ik jim dei noch in ekstra sprankelje jaan mei in persoanlike taspraak.
Myn namme is Ingrid Weening-Meestringa. Ik bin al rom 20 jier troud en wenje mei myn man en 3 bern yn Drachten. Ik bin berne en opgroeid yn de gemeente Opsterlân en haw û.o. yn Oerterp, Beetstersweach en Wynjewâld wenne. Us bern binne alle trije berne yn Beetstersweach. Yn myn frije tiid kuierje ik graach troch ús moaie bosken. Fierder fyn ik it hearlik om, as it waar it talit, bûten yn it sinneke in spannend boek te lêzen.
Njonken myn wurk as trouamtner bin ik eigner fan in advysburo dat him rjochtet op âldere wurknimmers en organisaasjes dêr't in soad minsken al hiel lang wurkje. Ik jou advizen en fersoargje trainingen oer hoe't jo sels en as organisaasje it wurk sa lang mooglik sa leuk mooglik hâlde kinne. Ik genietsje dêrby fan de moaie petearen dy't ik mei minsken haw en fan de kâns om bedriuwen oan it tinken te setten en har mear te rjochtsjen op it positive yn wurk en libben. Ik sjoch altyd mei minsken nei wat se goed kinne en wêr't harren hert hurder fan slaan giet. Ik wol graach wat betsjutte foar oaren en meitsje minsken graach bliid.
En dat wol ik as trouamtner ek oan jim meijaan: besykje safolle mooglik te genietsjen fan de moaie dingen yn it libben. Ik gun it jim om it leuk en gesellich mei elkoar te hawwen. Om in goed byld te krijen fan wat jim wichtich fine yn it libben, kom ik earst in kear by jim thús en besprekke wy al dat soarte saken. Dat ferwurkje ik dêrnei yn in taspraak dy't hielendal by jim past. Dat kin yn it Frysk, Nederlânsk, English of Deutsch, wat jim wolle. Ik pas my dêrby hielendal oan oan jim winsken. Sa meitsje wy der tegearre in ûnferjitlike plechtichheid fan!
Folle súkses mei de tariedingen!

