Trouwe, foar de iene is it reden foar in feest mei alle toeters en bellen dy't jo mar betinke kinne, foar oaren in gelegenheid dy't lyts en ynformeel holden wurde moat. Wat jimme ek wolle, as trouamtner besykje wy fan elke houlikssluting in ûnferjitlik gearwêzen te meitsjen. Wêr't lake wurdt, in trien litten en it momint foar altyd betocht wurdt.

Sûnt Falentynsdei 2006 bin ik trouamtner foar gemeente Opsterlân. Yn dizze jierren haw ik in protte unike houliken slute mocht. It is net allinnich de houlikssluting dy't moai is om te dwaan. Ek de petearen foarôfgeand oan it houlik fyn ik geweldich. It bart geregeldwei dat de antwurden op myn fragen sels it breidspear ferrasse en liede ta hilaryske útspraken. Dit optekenje te meien is foar my elke kear wer in feestje. 

Troch myn wurk as konsulint Previnsje en Mantelfersoarging foar gemeente Opsterlân haw ik spitigernôch net altyd tiid om my beskikber te stellen foar it sluten fan houliken. Om't ik leaver Ja sis as Nee, bin ik allinnich beskikber as reservebabs (foar as de Babs fan jimme kar net kin) en foar breidspearen dy't echt hiel graach troch my troud wurde wolle. As jimme dat wolle, kinne jimme dat by jimme digitale oanjefte oanjaan yn it opmerkingsfjild. 

Wa't jo ek kieze, en oft jo no foar de earste, tredde of fyfde kear trouwe wolle, elkenien fan ús set him foar 100% yn om fan jimme troudei in ûnferjitlik momint te meitsjen.

Ja!

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Houlik inoar fêsthâlde