Gjilke Bruinsma - de Boer

Hallo, myn namme is Gjilke Bruinsma – de Boer, troud en mem fan trije prachtige dochters. Mei ús fiven wenje wy yn Bakkeveen. Ik bin foarsitter fan de âlderried op de skoalle fan myn bern, ik kuorbalje en mei graach kuierje en fytse. Fierder hâld ik fan schminken, bakke, (gedichten) skriuwe en bin ik graach kreatyf dwaande. En neist dit alles bin ik Babs, trouamtner…

As ik jim trouwe mei, wol ik der graach mei jim foar soargje dat it troumomint wurdt sa't jim dat graach wolle. Ik gean mei jim yn petear om jim better kennen te learen; wa binne jim, wat dogge jim en wat driuwt jim? Ik harkje graach nei jim moaie ferhalen, grappige anekdoates en miskien ek wat minder moaie oantinkens, want ek dát heart derby. Oan de hân fan jüllie ferhaal, meitsje ik mín ferhaal mei in laits en in trien, humor en oantinkens! It is jüllie dei en ik hoopje dat ik dêr in betsjuttingsfolle bydrage oan leverje mei.


Foar elkoar keazen,
No fierder mei in offisjeel gebeart,
In trêddzje heger op jim libbensljedder, 
De leafde besegele is in moaie stap.
Hoe't jim it dogge of mei wa, makket net út,
Tegearre is tegearre, it is jim beslút!

Trouamtner Gjilke Bruinsma - de Boer

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Houlik inoar fêsthâlde