Belestingsoanslach betelje
Wat jo betelje moatte stiet op de jierlikse oanslach. De gemeente ferstjoert de oanslach elk jier fan febrewaris ôf.
Daliks regelje

Automatyske ynkasso
Automatyske ynkasso is de ienfâldichste manier om te beteljen. Jo hoege dan sels neat te dwaan; wy skriuwe it jild automatysk fan jo rekken ôf. Boppedat betelje jo net yn ien kear, mar ferspraat oer it jier (maksimaal 10 terminen). Jo kinne dit regelje troch ús in machtiging te jaan.
De automatyske ynkasso fynt plak op eltse lêste dei fan de moanne. Soargje derfoar dat der dan genôch jild op jo rekken stiet.
As de ynkasso twa kear mislearret, dan komt dizze te ferfallen. Dat kin bygelyks barre om't der op it momint fan ôfskriuwen net genôch jild op de rekken stie of om't jo de automatyske ynkasso sels weromhelje. It iepensteande bedrach moat op dat momint foar de lêste ferfaldatum betelle wêze (of as dizze al ferstrutsen is, per direkt).
Ferlitte jo de gemeente? Dan wurdt de ynkasso automatysk stopset as de oanslach folslein betelle is of nei it ynjen fan de lêste termyn.
Betellingsregeling
Wolle jo gjin automatyske ynkasso? Freegje dan in betellingsregeling oan. Let hjirby wol op dat dizze minder terminen hat. Jo moatte dan sels eltse moanne it bedrach oermeitsje.
Jo kinne in betellingsregeling oanfreegje by it ynkassoteam fan 'e gemeente fia (0512) 386 222 of in e-post stjoere nei
Hoe wurket it?
Oft jo in betellingsregeling krije, hinget ôf fan jo finansjele situaasje. Dy bepaalt ek hoe't de betellingsregeling derút sjocht en ûnder hokker betingsten jo de regeling krije. Jo krije allinnich in betellingsregeling as jo de gemeentlike belestingen no net betelje kinne, mar letter wol.
Kinne jo de gemeentlike belestingen net betelje fanwege jo ynkommen? Dan hawwe jo miskien rjocht op kwytskelling. Lês hjir mear ynformaasje oer kwytskelling.
