Besite fan de Kommissaris en de Dykgraaf
19.00 oere | 15 maart 2023
Kommissaris fan de Kening Arno Brok en Dykswachtel Luzette Kroon besykje hjoed alle 18 Fryske gemeenten. Se begûnen fannemoarn betiid op Flylân en einigje fannacht yn Ljouwert.
Om sawat 17.00 oere wie Opsterlân oan bar en arrivearren se by it Lycklamahûs yn Beetsterzwaag. Boargemaster Lex Roolvink hjitte harren wolkom en nei in blik op de tún fol prachtige krokussen gyngen sy it stimburo yn. Ek Steatelid Erik de Groot, ynwenner fan Opsterlân, wie oanwêzich. In pear praatsjes, kennismakkingen en foto's letter wie it alwer tiid om troch te reizgjen nei de folgjende gemeente: Eaststellingwerf.
Foto's by dit berjocht:
Mear liveblogberjochten:
Pazjinaasje


