Bystânsútkearing
Bystân is in útkearing fan de gemeente foar minsken dy't gjin wurk hawwe en te min jild hawwe om fan te libjen. Dizze útkearing is regele yn de Partisipaasjewet. Slaget it net om rûn te kommen, dan kinne jo ûnder guon betingsten in útkearing krije. By in útkearing hearre rjochten en plichten. Jo moatte bygelyks op syk nei wurk sadat jo sels jild fertsjinje kinne.
Betingsten
Jo hawwe rjocht op in bystânsútkearing as jo (mienskiplik) ynkommen en eigen fermogen ûnder bystânsnivo lizze. Under eigen fermogen falt net allinnich sparjild. Ek in auto of in eigen wenning kin bygelyks sjoen wurde as eigen fermogen. Fierder jilde de folgjende betingsten:
- Jo binne 18 jier of âlder;
- Jo hawwe de Nederlânske nasjonaliteit;
- Jo ûntfange gjin oare útkearing;
- Jo sitte net yn it tichthûs of in hûs fan bewarring.
Jonger as 27 jier?
Binne jo jonger as 27 jier en wolle jo in útkearing oanfreegje? Jo kinne in útkearing oanfreegje fia www.werk.nl. Jo kinne allinnich jo kontaktgegevens efterlitte. Fan dat momint ôf moatte jo sels 4 wiken aktyf sykje nei wurk en/of skoalling. Yn dizze fjouwer wiken nimt in ynkommenskonsulint kontakt mei jo op. Tinke jo dat jo net oan dizze sykperioade foldwaan kinne? Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam.
Oanfraach
Jo freegje de bystânsútkearing oan fia www.werk.nl. Tagelyk mei it oanfreegjen fan de útkearing skriuwe jo jo as wurksykjende yn by it UWV. It is wichtich dat jo jo direkt ynskriuwe. De datum fan ynskriuwing is nammentlik fan belang by it fêststellen fan jo rjocht op in útkearing.
Útnûgingsbrief
As jo oanfraach binnen is, krije jo in útnûgingsbrief. Yn dizze brief stiet presys wat jo meibringe moatte. Wy hawwe in tal gegevens fan jo nedich. Sa kinne wy fêststelle oft jo rjocht hawwe op in útkearing. Is der binnen in wike gjin kontakt mei jo opnommen troch in ynkommenskonsulint? Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam.
Binne jo selsstannich ûndernimmer?
Slagget it jo as selsstannich ûndernimmer net om rûn te kommen? Klik dan hjir foar mear ynformaasje.
Help by jo oanfraach
Foar help by jo oanfraach kinne jo terjochte by Humanitas Thúsadministraasje
Wannear krij ik myn bystânsútkearing?
Krije jo in bystânsútkearing? Hjirûnder fine jo de data wêrop't wy it jild op jo rekken sette:
| Moanne | Datum fan útbetelling | Opmerking |
|---|---|---|
| Jannewaris | Freed 2 jannewaris 2026 | 3 jan falt op sneon |
| Febrewaris | Tiisdei 3 febrewaris 2026 | - |
| Maart | Tiisdei 3 maart 2026 | - |
| April | Freed 3 april 2026 | - |
| Maaie | Freed 1 maaie 2026 | 3 maaie falt op snein |
| Juny | Woansdei 3 juny 2026 | Ynklusyf fakânsjejild |
| July | Freed 3 july 2026 | - |
| Augustus | Moandei 3 augustus 2026 | - |
| Septimber | Tongersdei 3 septimber 2026 | - |
| Oktober | Freed 2 oktober 2026 | 3 okt falt op sneon |
| Novimber | Tiisdei 3 novimber 2026 | - |
| Desimber | Tongersdei 3 desimber 2026 | - |
Trochjaan fan feroarings
As jo in útkearing krije, moatte jo guon feroarings oan ús trochjaan. Dit hjit de ‘ynljochtingsplicht’. Net alle feroarings hawwe gefolgen foar jo útkearing. Twifelje jo oft jo wat wol of net trochjaan moatte? Nim dan kontakt mei ús op. Oan hokker feroarings moatte jo tinke?
Feroarings yn jo persoanlike situaasje
- As jo ferhúzje, gearwenje, skiede of as der immen ferhuzet
- As immen tydlik by jo komt te wenjen
- As jo in relaasje krije, hieltyd faker byinoar binne en byinoar logearje. Dit moatte jo ek trochjaan as jo allebeide noch in eigen wenning hawwe.
Feroarings yn jo ynkommen
It is wichtich dat wy op tiid witte wat jo ynkomsten binne. Hjirmei foarkomme jo dat jo tefolle útkearing krije. Oan hokker ynkomsten moatte jo tinke?
- Ynkommen út wurk
- Alimintaasje
- Stagefergoeding
- As jo spullen ferkeapje (bygelyks fia Marktplaats)
- Wûn jild mei gokken
- In erfenis, skinking of in jefte
Fakânsje
As jo op fakânsje geane yn Nederlân of nei it bûtenlân, dan moatte jo dit oan ús trochjaan.
Krije jo in jefte fan immen oars?
Krije jo in jefte fan immen oars? In jefte is in jildbedrach of de wearde fan eat dat jo krije. Jo krije dat fan in bekende of in organisaasje. Foarbylden fan jeften binne:
- In tas mei boadskippen
- Jild om jo te helpen rekkens te beteljen
- Jild as ekstraatje om de moanne troch te kommen
- In kuolkast of in waskmasine
Dizze jeften meie jo hâlde. Jo moatte wol elke jefte of byskriuwing oan ús trochjaan. As allinnichsteande meie jo per kalinderjier net mear as €1.200 krije. As húshâlding meie jo per kalinderjier net mear as € 1.700 krije.
Hoe kin ik feroarings trochjaan?
Jo kinne in feroaring trochjaan troch it ûndersteande formulier yn te foljen. Jo meie dit formulier ferstjoere nei werkeninkomen@opsterland.nl. Slacht it net? Jo kinne altyd kontakt mei ús opnimme.
