Jo kinne jo eigen ûnderwerp op de gearkomstaginda fan de gemeenteried pleatse litte. Fine jo bygelyks dat de gemeente mear omtinken jaan moat oan in bepaald ûnderwerp, dan kinne jo dit kenber meitsje.

Der binne in tal betingsten dêr't it boargerinisjatyf oan foldwaan moat:

  • It moat rjochte wêze op it algemien belang.
  • Oer it ûnderwerp mei de gemeenteried yn de lêste twa jier neat besletten hawwe. Jo kinne by de riedsgriffier neifreegje oft jo ûnderwerp yn dy perioade al besprutsen is.
  • It ûnderwerp moat serieus en konkreet wêze.
  • In boargerinisjatyf mei net gean oer gemeentlik belied.

In boargerinisjatyf yntsjinje

Wolle jo in boargerinisjatyf yntsjinje, dan kinne jo dit dwaan troch it oanfraachformulier boargerinisjatyf yn te foljen. 
Jo moatte dan wol  hantekeningen hawwe fan ynwenners fan 16 jier of âlder dy't jo idee stypje.

Hjirfoar kinne jo it formulier stipeferklearrings boargerinisjatyf brûke.