De gemeenteried fan Opsterlân is begûn mei it eksperimint riedsplein 'Wolkom yn 'e lobby'. In plak dêr't ynwenners en organisaasjes op ynformele wize ûnderwerpen foarlizze kinne oan de riedsleden.
Jo kinne jo eigen ûnderwerp op de gearkomstaginda fan de gemeenteried pleatse litte. Fine jo bygelyks dat de gemeente mear omtinken jaan moat oan in bepaald ûnderwerp, dan kinne jo dit kenber meitsje.