Wolkom yn 'e lobby

De gemeenteried fan Opsterlân is begûn mei it eksperimint riedsplein 'Wolkom yn 'e lobby'. In plak dêr't ynwenners en organisaasjes op ynformele wize ûnderwerpen foarlizze kinne oan de riedsleden.

'Wolkom yn ’e lobby' fynt yn prinsipe eltse moanne plak foarôfgeand oan de oriïntearjende riedsgearkomste fan 19.30 oere oant op syn letst wat foar 20.00 oere yn de ûntfangsthal fan it gemeentehûs yn Beetsterzwaag.

Oanmelde

Daliks regelje

Hawwe jo belangstelling om diel te nimmen oan it riedsplein 'Wolkom yn 'e lobby'? Folje dan it formulier 'Oanmelde Wolkom yn 'e lobby' yn.

Belangstellenden moatte harren fan tefoaren oanmelde. As der gjin ûnderwerpen oanmeld binne foar 'Wolkom yn ’e lobby' start de oriïntearjende riedsgearkomste om 19.30 oere. Oare mooglikheden om mei de riedsleden fan Opsterlân yn kontakt te kommen kinne jo fine op de side 'Jo ynfloed' en yn de gemeentegids.