De gemeenteried fan Opsterlân is mei it eksperimint "Wolkom yn 'e lobby" begûn, in plak dêr't ynwenners en organisaasjes ynformeel ûnderwerpen oan riedsleden presintearje kinne.
Jo kinne jo eigen ûnderwerp tafoegje litte oan de gearkomste-aginda fan 'e gemeenteried. As jo bygelyks tinke dat de gemeente mear omtinken jaan moat oan in bepaald ûnderwerp, kinne jo dit kenber meitsje.