Wannear't jo in wichtige fraach of ûnderwerp oan 'e oarder stelle wolle, dan kinne jo in brief of e-mail nei de gemeenteried stjoere.

Dizze brief kinne jo stjoere ta attinsje fan de grifffy. Sa komt de brief by alle riedsleden telâne of wurdt op de riedsaginda pleatst as ynkommen brief. Hawwe jo oer in bepaald ûnderwerp al kontakt hân mei in wethâlder of amtner, fermeld dit dan yn jo brief.

Jo brief is iepenbier

Realiseart jo dat jo brief yn prinsipe iepenbier is, wannear't jo jo skriftlik ta de gemeenteried rjochtsje. De brief wurdt fermeld op de iepenbiere list fan ynkommen stikken foar de gemeenteriedsgearkomste.  Op de list ynkommen stikken stiet allinnich wa't de ôfstjoerder is en wêr't de brief oer giet. Mochten jo beswier hawwe dat jo namme op dizze iepenbiere list stiet, dan kinne jo dat oanjaan. Fierder is it goed om te witten dat jo brief opfrege wurde kin troch in boarger of in ynstânsje. Ek yn de eventueel opfrege stikken sil allinnich de namme fan de ôfstjoerder en de ynhâld te rieplachtsjen wêze.

In brief oan de ried wurdt, ôfhinklik fan it ûnderwerp, fierder ôfhannele troch boargemaster en wethâlders of  troch de ried. Jo krije altyd in ûntfangstbefêstiging dêr't de proseduere fan behanneling fan jo brief yn fermeld stiet.