Riedsleden hawwe njonken it riedswurk faak in baan, bedriuw of stúdzje. Om alles yn goede banen te lieden, stiet de grifffy de riedsleden by. 

Wat docht de griffty?

De griffty advisearret, ûndersteunet en fasilitearret de gemeenteried, yndividuele riedsleden en de foarsitter fan de ried (de boargemaster). De griffty plannet gearkomsten, soarget foar folsleine en juste gearkomstestikken en advisearret oer foarstellen, wurkwize en/of oanpak. De griffty is ûnôfhinklik en neutraal. Fanút dizze posysje kin in griffty in riedslid profesjoneel bystean en advisearje.

Ek de mienskip kin rekkenje op de griffty. Sykje ynwenners en ynstânsjes kontakt mei ried, fraksjes en/of riedsleden? Of wolle se gebrûk meitsje fan it ynsprekken, in boargerinisjatyf yntsjinje, ensfh.? Sjoch ek by ‘Jo ynfloed’ foar mear ynformaasje.

Kontakt mei de grifffy

Hawwe jo in fraach oer in riedsgearkomste, wolle jo mear ynformaasje oer de ried of gebrûk meitsje fan it sprek- of boargerinisjatyf? 

Nim gerêst kontakt op mei de grifffy: 

  • Laura Meijer (Griffier);
  • Lineke Liemburg (Griffymedewerker). 

fia telefoannûmer 0512 386 333 of e-mail:

 griffty@opsterland.nl

.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeenteried riedsseal